Evenementen in december 2022

Wepperkes -snein-
27 mei 2005
"Lytse" Robert is 30 wurden!
30 mei 2005

Dizze wike kinne jimme hjir ferskeidene foto’s besjen fan ús reis mei SDS 2 nei Erica. Jammer genôch pakten sy dêr net de 1e priis mar it feest hat der net minder om west. Hjir de earste foto’s:


SDS 2 hie sneon syn eigen “Hinne Bokma” mei.

Om 2 oere kinne de “matadoren” dan eindliks it fjild op foar harren wedstriid tsjin Wolvega.

It wie moai waar om op de bank yn ’t skaad te sitten.

It wie gjin waar foar in soad klean.

Nei de 1-1(skitterende goal fan Dennis) mocht Klaas Okkema betinke wa as de pingels nimme mocht.

Jeroen Brouwer nimt de 1e pingel. Hy sil noch wol gauris ’s nachts wekker wurde fan it gelûd dat de peal makke doe ’t hy dêr tsjinoan skeat.

Marten probeare op syn “Dudeks” de Wolvegeasters fan harren stik te bringen. Dit slagge net. Wolvega miste net in pingel wêr as by SDS sawol Jeroen as Tseard misten. Allinne Stefan makket syn pingel.

Tusken de 2 wedstriden fan SDS moast der sa ’n 2 oeren wachte wurde. De supporters sochten dan mar de kjeld fan de kantine(en it kâlde bier) op. Hjir sitte Geert, Oebele, Dukke, Immie, Gatske, Willem en Enne te genietsjen.

Foar de wedstriid tsjin Germanicus om it 3e plak hat SDS mar efkes oefene op pingels.

Jan Simon sil hjir de bal krekt nêst koppe. De wedstriid bleaun 0-0 en der mochten wer pingels nommen wurde.

De SDS ‘ers wachtsje yn spanning ôf. Soe it no al slagje om nei pingels te winnen?

Jammer genôch slagge it no ek net. Earst mist Skelte en hjir nimt Pieter de aanloop foar syn miste strafskop. Stefan en Gerrit witte harren al te meitsjen mar dat makket neat mear út om ’t Germanicus se alle 5 makket.

Jeroen hellet de lytste fan de 4 bekers op. Wolvega waard úteinlik 1e, ACV 2e en Germanicus 3e.

It feest yn de bus is der net minder om!

Anne Brouwer is bekind om syn stimgelud. Op de weromreis ut Erica, liet er him dan ek wer even jilde. Hy song it heechste liet en it wie tige gesellich. Sels it Eastereiner “folksliet” waardt troch him ynsetten……..

Henk “Vermaning” Postma wie skorst foar de bekerfinales sneon mar wie al mei. Hy die der in opmerklike bekentenis; “as ik mear as 18 euro betelje moat, dan gean ik nei WPB!”
Dit gie fansels oer syn boete fan de skorsing dy ’t hy lêsten oprûn, doe ’t er tsjin de skeids oan rûn. It sil ús benije. Wyld plasse kostet oars sa ’n €60,-

Dizze foto makket wol dúdlik dat eltsenien in machtdei hân hat.

Clarence-Sluier-klassemint
Sa as jimme lêze koenen is der foar ien klassemint sneon mei folle oerjefte striiden troch de mannen fan SDS 2; jasekers, it ” Clarence – sluier klassemint”.
Jeroen, Tsjeard, Skelte en Pieter  ha harren pleatst. It levere it 2e neat op en de mannen sels uteinlik ek net, of toch al?


Letter fan ‘e wike mear foto’s….