Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
6 maart 2005
SDS League: Fûgelfirus slaat ta!
7 maart 2005

Hichtepunt fan kommende wike
Sjouke Sjoukema wurdt 70 jier. Snein 13 maart. De famylje lit witte dat er 6 reaksjes binnen kommen binne om him op dizze wize te lokwinskjen. Wy roppe jim op om dat foar tongersdei te dwaan. Stjoer in mail nei: :
skruijer@home.nl

Kaduuk
De komputer fan webmaster Willem Wijnia wurket wer wat better, mar noch net goed genôch om it www(WrâldWideWeb) wer op te kinnen. Hooplik hat der ein fan ‘e wike bettere berjochten.

Sjurtsje
It wie de lêste tiid wat rêstich yn de rubryk fenfan, dy’t jim fine kinne by SDS supporters. De bedoeling is noch altiten dat er SDS-ers (of Hartwerters) yn in sjurtsje omrinne mei de namme dêrop fan in wrâld bekinde en dêrom goeie fuotballer. Wy krigen no in foto binnen fan in ús bekinde en mar seker net útsûnderlike goeie fuotballer.
Wol in goeie dammer, want spile hy ferline wike yn de haadklasse fan it Fryskdamjen net in krusiale rol by it kampioenskip. Hy fersloech titelkandidaat en Wommelser Jelle Wiersma en soarge der foar dat syn ploechgenoat en âlddoarpsgenoat Teake Kooistra foar de safolste kear de kampioen waard. It mist ús net dat Stoffel syn alderbeste poatsje foarsetten hat yn de partij tsjin Jelle Wiersma. Stoffel is sels net degradeard. Teake Koositra brocht snein efkes in fles mei ynhâld (foar bewezen tsjinsten) en soan Fokke waard gelyk fen fan Stoffel.

Taaiwaar (1)
Dizze wike taaiwaar en dat betsjut dat it fjild wierskynlik net folle trainen ta lit. Derom mar wer efkes in alternatyf oanbiede.

Taaiwaar (2)
Al dat snie moat wer wetter wurde neffens de natoerwetten. Net ôfwachtsje hoe’t komt mar foarsoarch maatregelen nimme tochten se by it dophok. Neist twa wynmolens hawwe se no noch in horizonfersmoarger(sûnder slachskaad)