Wepperkes -snein-

SDS1 spilet gelyk
19 februari 2005
Wepperkes -moandei-
21 februari 2005

Werom yn de tiid
Sa’t in protte âldere SDS-ers noch wol witte, hie SDS earder in froulju’s ploech. In ploech dy’t goed meidie. Fan de eardere lieder Jan krigen wy in foto mei de suksesfolle ploech.
It liket ús wol aardich at jim ús fertelle wa’t op dizze
foto steane. In drege klus mar it moat mei help fan pake, beppes, buorlju, kollega’s en freonen mooglik wêze. Mail nei info@vv-sds.nl .

Klik op de foto foar in fergrutting.

Fan C1
EK Zeerobben C2-SDS C1 waard juster ôflast. Lokkich hie de leider, Tamme de Boer, sels skille want Zeerobben soe in oer as 11 skilje en dan wienen sy al fuort west. Om 10 oere skille Jelte Pieter noch. Hy wie moarns 5 oere thúskommen fan de Kanarische Eilannen. Giet it noch troch? frege hy. Tamme en Klaas P.(de leiders) hienen freed noch sein: “We rekkenje mar net op him, mar hy is wol sa ‘gek’ om mei te wollen”. Spitich dat it net troch gie. Nei in wike yn de waarme sinne wol men dochs wol graach wer ris op in kâld fjild yn Harns stean……
(Klaas Pompstra)

Sjurtsjes
Wy binne wol aardich te freden oer it oantal sjurtsjen dat wy hawwe, nar rekkenje der op dat er noch folle mear by komme. Opfallend is wol (of just krekt net)dat er noch immen yn in Cambuur sjurtsje him oanmeld hat. No rinne je dêr fansels ek net mei te keap, mar wy garandeare in anonime foto. Wy hawwe sels wol in sjurt beskikber mei wat hantekeningen fan de spilers der op. Wa doart him oan te melden foar in fotosesje.
info@vv-sds.nl

Fan it bestjoer
Het komt in de praktijk vaak voor dat men voor zaken betreffende het gebruik van de velden in Easterein niet de juiste personen benadert.
Het is alleen mogelijk bindende afspraken te maken over het gebruik van de velden door contact op te nemen met Tom Couperus of Abe-Jan Stegenga van stichting De Skoalleseize. Daarnaast moeten wensen voor oefenwedstrijden ook tijdig worden doorgegeven.
Verder blijkt dat er door jeugd(leden) vaak een balletje wordt getrapt op een van de voetbalvelden, waardoor deze onnodig worden belast. Dit is helaas niet toegestaan en er wordt dan ook een dringend beroep gedaan op ouders en verzorgers er op toe te zien dat dit niet meer gebeurt.

Oflast en de thússide
De wepmasters fan SDS dogge der fan alles oan om aktueel te wêzen. Dat slagget soms wol mar soms ek net
. Sneontemoarn slagge it earst wol: Foardat it wedstriidsikretariaat yn Easterein op de hichte wie fan de ôflasting fan de wedstriid tsjin de Weide 2 stie it al op de side fan SDS. Grutte fertizing, want sommige SDS 2 spilers wiene noch net ôfbelle troch de lieder. Willem hie efkes op de side fan de Weide sjoen en dêr stie it al op.

Doelpuntenmakkers
Harm Stremler wie sneon de ienige SDS-er dy’t skoord hat. Al wer út in strafskop. Hy hat er no 5 makke dit jier.

Wa is Kidoki?

Dizze oplossingen krigen wy úteinlik noch binnen:

Miskien freget Doede Rients him ôf:
*It is dochs hiel simpel
Kidoki bestjut bern  (Kid)  fan Okkema (Oki of Okkie bynamme fan Okkema).
Groeten, Hendrik Eringa.

*”Kin Ik Durk Okkema Knap Imitere?”
(Klaas Pompstra)
*”Wij tochten fan Bayern?”
Groeten van sicco.
*”Ik tocht bayern munchen omdat…
it in unbekinden is dus unbekinden binne meastol slecht…
dutse klubs binne ek slecht dus it kin net misse”
sicco
“Nei djip ûndersiik bin ik der efter kaam dat Kidoki in frouenkledingmerk is”.
Groet, Hendrik Engbrenghof
“Neffens my is it famylje fan O.Kidoki………”
Willem.
It kloppet allegear. Kidoki is in frouenkleanmerk en in bernekleanmerk, Doede Rients is in Okkema en kin omke Durk knap imiteare, it is famylje fan O. en Bayern München is in kloateploech. Allegear fan herte!


De “schaar”
Yn it ferline hienen je fuotballers (links- en rjochtsbûtens mei nammen)dy ’t bekend wienen om de beweging dy ’t se makken om in tsjinstanner te passearen. Piet Keizer en Tscheu La Ling wienen b.f. bekend om de “schaar” wêr eltse tsjinstanner wer yntrape en sy perfekt beheersten. Om ’t der no gjin fuotballer mear is dy ’t dit sjen lit is it foar trainers ek moeilijk om dit de jeugd te leren. As sy dit sels foardogge dan kinne sy hun poaten wol brekke. Hjirûnder kinne jimme sjen hoe as it moat. Fanmiddei lyk mar oefenje.

Machtich!!