Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
19 februari 2005
Wepperkes -tiisdei-
22 februari 2005

Oflast
Wy krigen dochs wol wat reaksjes oer sneon. Wêrom stie sneon net op dizze side dat it fuotbal yn Easterein net troch gie.
Der kinne twa redenen wêze. Wy hawwe it net trochkrigen fan sikretariaat of de dochter hat holpen by
de ôfwask. En dat levert in probleem op.

Futsal
SDS 3 moat dizze wike thús. Woansdeitejûn om 21.00 oere. 2 oeren earder spilet SDS 2 út tsjin Renado en dy komme út Sint Nyk.

Foto fan de froulju
Us oprop om reaksje levere hjoed al in leuke reaksje op.
As echte ONT-er kin ik spitigernôch foar jimme net ien fan dizze froulju mar wat ik efkes kwyt wol is dat ikself ek fuotballe yn dy tiid. No liket it wol of sit der in âld ONT spylster tusken dy fan jimme. Ik sjoch der nammentlik in giel-swart shirtsje tusken sitten, dat wol hiel folle op in âld ONT shirtsje liket. Ra-ra hoe kin dit?
Groetnis Geke Paulusma-Jacobi
(liedster ONT froulju1)
Wy hawwe Geke de namme trochjûn en binne der fan oetsjûge dat dizze doelfrou út Wommels kaam en no by Boalsert wennet.

It giet wer oan
Neffens it programm fan de KNVB, wat jim alle wiken fine kinne by agenda, giet it sneon wer los.  Hast alle alvetallen en sântallen moatte wer los. Altemets at it waar it talit.
 
Humor foar mannen
Grappen op dizze side sette oer froulju dy’t mei de auto op paad gean, binne “not done” op dizze side. Wy wolle ús troue froulkie lêzers net kwyt. Utsein at se pleatst wurde troch in webmaster dy’t tajout dat er noch minder mei auto’s omgean kin as al dy froulju dy’t dit
filmke dochs efkes sjen wolle.

SDS League
It ôfrûne wykein is de nije SDS League fan start gien. Tiisdei of woansdei kinne jimme hjir de nije stân besjen.