Evenementen in december 2022

Ôflast
19 februari 2005
Wepperkes -snein-
19 februari 2005

SDS 1 spilet gelyk
SDS hat hjoed tsjin Friese Boys 1-1 spile.
Neffens trainer Lyckle Bleekveld, dy’t foar Omrop Fryslân útlis joech, wie dit puntferlies, want SDS hie de bettere kansen.

By it skoft wie it 0-0.
Nei de thee kaam Friese Boys goed út de startblokken mar skoorde net. SDS kaam foar troch in strafskop fan Harm Stremler. Dêrnei wiene der noch goede kansen, mar SDS skoorde net mear.
Remco Brouwer kearde noch wol in strafskop.

15 minuten foar tiid skoorde Friese Boys út in frije traap.
Neffens Lyckle is de doelstelling noch altiten handhavenje, dêrfoar binne 28 punten nedich dus is SDS der noch net.

Oer syn eigen takomst woe hy net folle sizze. “Wat dinkjes op de eftergrûn foar it fuotbal.” Wat dat betsjutte, woe hy net fertelle oan Geert van Tuinen.