Wepperkes -snein-

Sneon 4 desimber
4 december 2004
Wepperkes -moandei-
6 december 2004

Doelpuntenmakkers
Der is juster net folle skoard. SDS 1 (2), SDS 2 (1) SDS 4 (3) en SDS 5 (2). De topskoorderslist wurdt no oanfierd troch Gearard Posthumus. Hy siet sneon dan ek wer mei de Treffer foar him om it alfêst oan te passen oan de nije sitewaasje. Sjoch by senioren foar de komplete list

Dichtsje
Sjoerd Postma fluite sneon SDS4 sa as altyd. Neidat hy de papieren allegear regele hat komt hy meastal om de tafel sitten by SDS 4. “Dat wurdt hjoed neat,”sei Sjoerd,  “want ik moat noch dichtsje foar de dochter.”
It is fansels spitich dat Sjoerd net mei ús weromsjocht en dêrom waard besletten Sjoerd te helpen. Sjoerd joech de stekwurden op en Stoffel en Sipke lieten harren tinzen dêr oer gean. Stoffel de earste regels en Sipke de lêsten. Sjoerd is let ôfsetten nei Wommels mei in gedicht.

Blau of grien each.
Tidens de wedstriid SDS4 – Stormvogels 1 rekke Ids en in tsjinstanner elkoar mei de holle. Efkes groggy mar dochs wer fierder fuotbaljend. It each waard hieltyd dikker en kleurriker. Dokter “Willem  Tjalsma” helle fan hûs in tube wûnderbaarlik spul en sa koe Ids dochs noch wat sjen yn de kantine.

Ralpf Wariman en Jelmer Posthumus
SDS B1 wûn sneon mei 7-1 fan WZS. Op de foto Ralph Wariman en oanfieder Jelmer Postumus. De lêste skoorde 2 kear.

Noch in Posthumus
Gearard as topskoorder, Jelmer as doelpuntenmakker, dan kin it net oars dat Arjan ek efkes op foto setten wurde moat. En mei reden. Hy skoorde 2 kear foar A1 en soarge foar de winnende treffer . Hjir sjocht hy werom op de wedstriid mei Geert Dijkstra. It is goed om der efkes by te sizzen dat de reade eagen fan Geert in fototechnysk probleem wie en gjin dranktechnysk probleem.

Iensum
It doelmannebestean is in iensume oangelegenheid. Hjir it stilleven fan A1- Doelman Thierry de Vreeze. Hy wist mei syn ploech in 3-2 oerwinning te boeken op de Sint AnnaBuursters.

Korreksje
“SDS D1
had natuurlijk ek wer wun
5 – 0 maar fkes notere
sicco!!  haha”

Letter hjoed noch in ferslach fan SDS4, en in fraach dy’t wy oan jim stelle oer in foto. 

Hawwe jim oars noch nijs dan graach maile nei info@vv-sds.nl