Sneon 4 desimber

Wepperkes -sneon-
4 december 2004
Wepperkes -snein-
5 december 2004

At ik tsjin tolve oere oankom op sportpark de Skoalleseize sjoch ik dat SDS B1 tsjin WZS mei 7-1 foarstiet. Ik wit no al wa’t ik freegje om de doelpuntenmakkers. Feiko Broersma, “de soan fan “hat krekt as syn heit altyd krekt foar de geast wa’t skoord hat. Nei ôfrin jout er it oan:
Jelmer 2 x
Feiko 2 x
Redmar
Paul
Ids de Boer

Wylst ik nei de kantine rin kom ik Tamme de Boer en Klaas Pompstra tsjin mei harren ploech C-1. Sy ferlearen mei 3-7 fan Oeverzwaluwen, mar dat wie wol de koprinner. Tefredenheid merk ik.

Op é hichte fan de kantine tref ik Jelle Jan Holwerda. No wurkjend op ien fan de Seeuwse eilannen, mar noch altyd entoesjast at it om SDS giet. It giet goed mei him en hy jout oan dat er nei Hurdegaryp giet. Moai, tink ik, haw ik aansens ien foar it ferslach, want hy sil seker efkes werom komme yn de kantine.

Yn klaaiboks 1 meitsje ik my klear foar de wedstriid tsjin Stormvogels. 2 jonge gesichten, (Rinse en Gerlof) sadat Folkert Rients him al feteraan fielt. Sjoerd Postma is de skiedsrjochter en hy moat nei 20 minuten al read en giel lûke. Mei in man mear kinne wy ús foarsprong (doelpunt Bertus Bootsma) fan 1-0 net útbouwe. Nei de thee krije wy it dreech en 1-2 efter is it rissultaat. Dan docht bliken dat traine wol helpt. Eddy de Boer skoort twa kear en soarget er foar dat wy mei 3-2 winne en dat Stormvogels dit jier foar de 7de kear mei 3-2 ferlieze.

Mei ien each op de A-s dy’t spylje tsjin Sint Anna Parochie en it oare each op in bierke hear ik dat SDS 2 gelyk spile hat yn Ljouwert  1-1 mei in doelpunt fan Jeroen Brouwer.

De A’s dogge it prima en winne mei 3-2 . Doelpunten fan Arjan Posthumus, Hjalmar Ruiter en Arjan Posthumus noch in kear.

Mem Akke en heit Appie melde sich by my: der kin wol wer in stikje yn de krante want Jelmer 2, Arjan 2 en Gearard sil dochs ek wol skoord hawwe.

Jelle jan Holwerda komt werom út Hurdegaryp en it docht bliken dat hy neat fan de Seeuwen oernommen hat, want hy hellet gelyk in bierke. De doelpuntenmakkers yn Hurdegarayp kin hy net mei alle sekerheid sizze mar it soe wolris Hendrik en Feite wêze kinne.

Wylst ik earst de oare útslaggen fan hjoed notear:
GAVC C2 – SDS C2 3-6,
Zwaagwesteinde C2 – SDS C3  2-2
komme de spilers fan SDS 5 mei grutte stappen binnen. Dochs hawwe se ferlern. Neffens doelman Pieter Groenveld 5-2 en neffens lieder Bas 6-2. Doelpunten fan Willem Feenstra en Bas de Haan.

Bliid dat myn broer Lolke der is. Hy wit mei sekerheid te stellen dat Feite en Hendrik skoord hawwe. Oan de tafel wurdt er noch efkes praten oer Wiel Koerver, oer it aaisykjen, oer hinnen, oer blauwe eagen, oer dokter Loor, oer keatstrainers, oer jeugdtrainers, oer Friso dy’t in prima party fluite, oer Sinterklaas en oer de kwis.

6 oere: It is hast tiid om nei hûs te gean, ûndanks it bierke dat noch oanbean wurdt troch Tjeerd, Willem, Sipke, Ids,  Akke en Bertus. Spitich dat ik Klaas Okkema net efkes troffen haw want dy skynt by it earste fuortstjoerd te wêzen nei wat kommintaar op de lieding. Sels Douwe Durk hie begryp foar dizze reaksje fan de oars sa rêstige KLaas.

It liket my goed dat ik moarn de sfearfoto’s efkes sjen lit.

(ah)