Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
5 december 2004
Wepperkes -tiisdei –
7 december 2004

SDS 5 ferliest yn Boalsert
SDS 5 ferlear sneon yn Boalsert fan RES 1 mei 6-2. Evert hat syn team ondanks de nederlaach hieltiten better ûnder kontrôle. Sneintemiddei hienen wy it ferslach al binnen fan Gerlof-Jan Hofstra. Hjirmei wie hy de allerearste. Sjoch 
syn krease ferslach wêr jimme û.o. lêze kinne wêrom Gearard sa baalde, wat de spilers fan SDS 5 dogge tidens de warming-up en dat de grinsrjochter Jan mei de lange achternamme(?!) hjitte.


SDS A1 fertsjinnet kratsje bier
15 punten moast SDS A1 helje om yn de winterstop in kratsje bier te krijen fan leider Klaas de Haan. Sy dogge it allinne sa knap dat sy al op 16 punten steane. Hoe sy hjiroan kommen binne kinne jimme lêze yn
it ferslach fan Bote Strikwerda.


Hulpsinteklaas bliuwt efter
Sinteklaas en syn swarte freonen binne fansels wêr ôfsetten nei Spanje. De hulpsinteklazen en -piten bliuwe fansels efter. Dizze mannen bleaunen yn te lang yn de kantine hingjen en SDS is der no moai mei oan. Wa is dizze hulpsinteklaas eins??
Mail it nei
info@vv-sds.nl

Dy swarte piten kin ik wol mar wa is dy hulpsinteklaas no?

Wat hat Klaas dien?
By SDS 1 waard sneon de “gelegenheidscoach” Klaas Okkema fan it fjild stjoerd. Wy hawwe allinne noch altiten gjin ferslach fan SDS 1 en witte dus net wêrom dit barde. Wa it al wit mei it maile nei
info@vv-sds.nl.
hspace=0 
By it 2e is hy altiten sa rêstich oan ‘e kant…….

Alles keare?
Juster wie op Feyenoord-tv(Wa sjocht dêr no nei??) de keeper fan SDS 1, Marten Faber, te sjen. Hy wie te sjen as lid fan de “Security”. Sis mar de Schaaf yn ‘e Kuip. Soe Marten yn ‘e Kuip like folle hooligans keare as ballen by SDS 1??

SDS 4

Stoffel Bouma set SDS 4 mei Wiel Koerver eftige bewegingen op it goeie spoar. Lês mear yn it wedstrydferslach

 

Sinterklaas
Sinterklaas is ek SDS net foarby gien. Wy krigen in oantal dúdlike oanwizings:

v      Sinteklaas op besite by C1 en C2 mei sjokoladeletters, kleurplaten en in taaimantsje.

v      Nije jongereintrainer (Marco Hoekstra) in ‘kadootsje’ fan Sinteklaas?

v      Sinteklaas bringt Playboy-kalinder by lieder SDS

v      Ek Friso spile foar Sinteklaas troch de A’s te fluitsjen om’t de offisjele skiedsrjochter (miskien) meinaam wie nei Spanje?

v     Wie zoet is krijgt de winst, wie stout is verliest”, wie ek fan tapassing op de A’s nei de moaie goal fan Arjan yn de lêste 5 minuten;

Wy wolle der dochs mar efkes in húskeamersfraach fan meitsje.

“Hokker lieder krige dy Playboy-kalinder”

It antwurd kinne jim e-maile nei info@vv-sds.nl

 

C1 ferliest fan koprinner
De mannen fan Klaas en Tamme hawwe sneon fan de koprinner ferlern. It wedstriidferslach kinne jim
hjir lêze.

 

Noch in antwurd
Noch net sa lang lyn krigen wy fan Jan Keuning in fraach trochspile wa’t in kear de wedstriid ferliet om in broek te ruiljen.

It krekte antwurd wie Lolke Okkema en broer Durk hie it dus goed.

 

M. Sijszelingtoernooi

Oan it begjin fan it seizoen wurdt dit jeugdtoernooi foar E en F pupillen altyd holden. Dit jier slagge dat net en yn goed oerlis waard besletten der in sealtoernooi fan te meitsjen. Op 11 desimber wie der noch in plakje yn de seal tusken 9 en 12 oere.

It docht bliken dat de KNVB sneon 11 desimber brûken giet as ynhelsneon foar de jeugd. Mei oare wurden at it waar goed is, wurdt er bûten fuotballe.

Mocht it op it fjild net troch dan giet it yn de seal wol troch.

Mocht it op it fjild wol troch gean dan is de seal frij. Belangstellenden om  de tiid tusken 9 en 12 oere oer te nimmen kinne harren melde by Jappie Wijnia (332245).

Oan de tafel by Roda hiene se it oer ……SDS
Sa’t elk wit, is Fred Scheltema in protte te finen op tribunes en yn bobokeamers by de Holland Casino Eredivsie. Sneontemiddei om 2 oere fuort en nachts om twa oere wer thús. (in jûntsje Kerkrade) Meastal sit hy by de âlde van Egmond, de heit fan de skiedsrjochter dy’t Bas Roorda der ten ûnrjochte útsjoerde, wylst syn maat mei de jonge van Egmond yn it fjild stiet te fluitsjen of te flagjen. Hjir syn ferhaal:
Sit ik oan de bestuurstafel fan Roda mei de bestjoeren fan de thúsploeg en FC Grins seit de âlde fan Egmond: “Net niet de periode gepakt he. Verloren toch van Blauw-Wit”. Nol Hendrix, de jildsjitter fan Roda, sjocht raar om hem hinne en Maarten Nijland, direkteur Grins, wit ek net wer’t it oer giet. It gie oer SDS. Yn Kerkrade. Samar op in sneontejun.

Skiedsrjochter van Egmond gie yn de fout. Dat sei ik ek nei de wedstriid tsjin it arbitrale trio mar sy bestrijden dit. Ik sei brutaal: “Dan moat jim de samenvatting mar sjen”. En fannacht seach ik. ik wie 02.00 oere thus, dat ik gelyk hie!!!