Wepperkes snein

Fraach en antwurd-wepperkes
21 augustus 2004
Wepperkes snein wat letter
22 augustus 2004

Sjurtsje opteare.

By SDS 5 (no 4) nimme de hearen om bar de sjurtsjes mei nei hûs. Om te wasken.

No falt dat waskjen wol mei, sa’n waskmasjine docht it wurk, sentrifugeare is ek in makkie en neidat de wyn it spul wer droech krigen hat is in saak fan opteare.

No is dat lêste it measte wurk. De help fan de frou wurdt dan meast ynroppen.  Gelokkich kinne wy dêr no de oplossing foar it tearen oanbiede. Sjoch nei it filmke, skuor dyn eigen teasjurt út, besykje it en konstatear dat sjurtsje teare tenei ek mannewurk is. Sjoch hjir

Kransen
Redmar Strikwerda hat sneon in krâns wûn by it jongeskeatsen. Kinne sy de Haitsma’s of de Okkema’s noch bedrige. Moandei meitsje wy it klassemint wer op.

Bekerwedstriden
Der binne dit wykein tal fan bekerwedstriden spile. Ek by de jeugd. It soe aardich wêze dat de útslaggen dêrflâne komme. Wa docht ús berjocht.
info@vv-sds.nl