Wepperkes snein wat letter

Wepperkes snein
22 augustus 2004
Ferslach SDS 1 – Mulier
24 augustus 2004

Nijs
It echte fuotbalnijs wol noch net rjocht loskomme. Op ús oprop om útslaggen troch te jaan is net folle reaksje kommen. It kin fansels wêze dat de Treffer earst útkomme moat om it goeie gefoel te krijen. At alles goed giet, (en werom soe it net goed gean) komt de Treffer moandeitejûn út. Wy hoopje dat jim him dan sa gau as mooglik hawwe. Foar bûtenleden is der op tiisdei fansels in prima gelegenheid de Treffer efkes op te heljen. SDS 1 moat dan dochs fuotbalje tsjin Tynje. Thús.

 

Lowland of de Teatertún
Wylst de ien mei syn laptop en syn tinte nei de polder gie om te beaten op Lowland, flucht wer in oar werom nei de jierren 60/70 yn de Teatertús yn Riis. In spetterjend optreden fan Ernst Langhout en Johan Keus mei Fryske lieten fan Bob Dylan.

 

SDS4 nei Skylge
Noch in pear nachten sliepe dan set SDS 4 ôf nei Skylge foar in fuotbaltoernooi. De organisaasje is yn hannen fan Jacob Plantinga en hy rint al in wike om yn it sjurt fan in bekende bar op Skylge om wat yn de stimming te kommen.