Fraach en antwurd-wepperkes

Lowlands-wepperkes
20 augustus 2004
Wepperkes snein
22 augustus 2004

Oefenje
It wie ek freedtejûn wer allegear aksje op it fuotbalfjild yn Wommels. De perken waarden lein foar de 1ste klas party hjoed en der waard fuotballe. In echte oefenwedstriid fan E4 tsjin E2.
Fraach 1: soene wy de útslach ek troch krije kinne?
Antwurd: 5-4 foar E2


Fraach 2: wa krijt it yn de plasse troch plannen te meitsjen om it fjild yn te koartsjen foar huzebou?
Antwurd:De gemeenterie

Bekerwedstryd (1)
SDS 1 stiet er goed foar, sa docht bliken út de útslaggen fan de oefenwedstriden. Hjoed moatte se it opnimme tsjin Mulier. Om 14.30 oere yn Wytmarsum.
Fraach 3: Kinne se de goeie foarm in ferfolch jaan?
Antwurd:No, ja dat gie wol, hoewol!. Se hawwe wûn mei 0-2 troch twa benutte strafskoppen fan Harm Stremler
Fraach 4: Soe Marco Ottens ek meidwaan by Mulier?

Antwurd: Nee

Bekerwedstry:d (2)
SDS moat hjoed foar de beker yn aksje komme tsjin AVC út Seisbierum. Om 14.30 oere yn Easterein.
Fraach 5: Hoe stiet SDS 2 der feitlik foar?
Antwurd: oan de skore te sjen goed. Se wûnene mei 3-0 troch doelpunten fan Gerrit Hengst (2) en Anco Elgersma
Fraach 6: No’t Willem om it Lowlanden is, wa makket it ferslagje?

Reinwetter
Der is fannacht wer moai (sa moai is it net) reinwetter fallen. In flinke tongerbuoi begeliede dit allegear. Op de radar fan fannacht is te sjen hoe’t de buoien harren paad fûnen.
Fraach 7: Koene se it wat droech holden hawwe yn de tinte by Lowland?
Antwurd: Nee, der reinde it ek

Keatse en kransen
Noch twa wykeinen is der in mooglikheid om in krâns te heljen. De striid om de measte kransen duorret oant en mei freed 3 septimber ta. Dan begjint de kompetysje en dy mei fansels net lije ûnder it keatsen.
Fraach 8: Hellet er hjoed noch immen in krâns?
Antwurd:
Fraach 9: Soe Jacob Klaas hjoed yn eigen doarp skitterje of kin der fannemiddei dochs noch fuotbalje?
Antwurd: Skitterje waard it net, en fuotbalje ek net. Hy wie moai op tiid yn Wytmarsum mar wie skorst.

Moarn hope we al de fragen in antwurd te jaan.