Evenementen in december 2022

Wepperkes – sneon –
10 augustus 2007
Mixtoernooi
12 augustus 2007

Hurdfytse
Fan it hurdfytsen hiene wij noch gjin lûd. Dat kin twa dingen betsjutte: sij hawwe gjin nocht om de útslach troch te jaan of de resultaten binne net om nei hûs te mailen. Mar gelokkich krige wij krekt de útslach fia Henk Bootsma binnen:
1. Gerben Bootsma
2. Dirk Yde Sjaarda
3. Peter Sijbesma
Wij freegje ús fansels wol ôf at de froulju al binnen binne.

In oprop
Fannewike beklaaiden wij ús oer it feit dat der nea folle SDS-ers bij dy geweldige fierljepsport binne. Der wiene sneon yn Winsum in rekord oantal minsken bij it fierleppen en ja wol, der wiene moai wat SDS-ers.
Meinte en Pieter Wesselius, Henk en Mark Postma, Kees Adema, Hendrik Engbrenghof (sebeare SDS-er) , Gerlof Jan Hofstra, Geert Couperus, Jurjen van der Wal, Geert Dijkstra (koe as Winsumer ek net oars fansels) Bauke Dijkstra en Bote Strikwerda (oan de bar).
Klasse jonges, sa hâlde wij meielkoar de Fryske sporten yn eare.

Positivisme
Bij de parsekonferinsje fan FC Wommels lei parsefoarljochter A.F.de Boer Jansma de klam op positivisme. Fertochte fragen waarden negeard.
Sneontemoarn hie Koos Wieling fan Omrop Fryslân in neipetearke mei Dingsdag fan Heerenveen. No hat dy syn stim net mei mar syn wize fan antwurd jaan joech al oan dat hij it smoar yn hie.
Nei de lêste frach betanke Koos him en doe sei Dingsdag: “Kun je de volgende keer ook wat positievere vragen stellen.”
Wij freegje ús ôf at A.F. de Boer Jansma hjir ek de hân yn hat.

Nije grins
 
Anne Brouwer wie freedtejûn op it trainingskamp sa’n bytsje foar it earst aktyf as grinsrjochter fan SDS 1. Wij wolle net te gau in konkluuzje lûke mar wij seagen, de souplesse fan Geert, it agressyf omheechstekken fan de flagge fan Appie en de kondysje fan Klaas Overal ferienige yn ien persoan.

Klinik

Op 25 augustus is der in clinic fan SC Heerenveen bij SDS. Alle jeugdspilers fan SDS wurde dêr foar útnoege om mei te dwaan.

Ek fuort
Net allinne de A-seleksje moat twa spilers (Dirk Yde en Mark) in skofke misse yn ferbân mei bûtenlânske reizen, ek SDS 4 moat it in moanne as 4 sûnder Gerlof Jan Hofstra dwaan. Hij gie op staazje nei Turkije. Wat er krekt dwaan giet witte wij net mar it is seker net in kursus Kebab snije.

Opjaan
Meinte Wesselius hat al moai wat nammen op papier foar it mikstoernooi op sneon 25 augustus. Steane jim der noch net op, mail him dan.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!