Wepperkes – sneon –

Wepperkes -freed-
9 augustus 2007
Wepperkes -snein –
11 augustus 2007

SDS 4 en SDS 5 kinne wer traine
Fanôf tongersdei 16 augustus kinne de spilers fan SDS 4 en SDS 5  wer oan de bak. Sipke Hiemstra docht ek dit jier de training wer.  En om fuortendaliks wat goeie resultaten del te setten is it seker goed om efkes te trainen.

SDS 1 oefent tsjin Minnertsgea
Nei in trainingsmiddei en in goed miel meielkoar moast SDS 1 oantrede tsjin Minnertsgea. Yn de earste helte wiene de ploegen aardich al elkoar weage mar wiene de bettere kânsen foar Minnertsgea. Hoewol de beste kans wie foar Tjalling Sikma. Fan 11 meter faalde hij jammerdearlik
Minnertsgea kaam op 1-0 mar nei de thé sette Hindrik de Jong de ploegen op gelikense hichte. SDS waard hieltyd sterker yn de twadde helte en it wiene allegear kansen. Tjalling Sikma skoorde de winnende krekt foar tiid.

 

SDS 2 nimt it op tsjin MKV 2
SDS 2 spile freedtejûn ek in oefenwedstryd. MKV 2, de klup fan trainer Hylke Schrale wie de tsjinstanner. In tige jonge ploech wûn mei 2-1 troch doelpunten fan Ralph Wariman en Arjan Posthumus

60 jier
It wie juster de dei fan SDS. It feest mei dan wol ein augustus wêze, it bestjoer wie net fergetten dat it juster de dei wie. Foar de besikers fan de beide wedstriden wie der yn it skoft kofje mei oranjekoeke. En foar Sibe wiene de krommels.

Foeke Reitsma mocht syn heit yn it skoft helpe mei it útdielen fan de kofje en de oranjekoeke.

Wij ha der wer ien
It seizoen is noch mar krekt dwaande en wij kinne der al wer ien bijskriuwe yn it Clarence Sluierklassemint. Tjalling Sikma skeat de bal wol hiel maklik yn de hannen fan de doelman fan Minnertsgea.

Tjalling skammet him djip

Nij jeugdkommisje leden
De jiergearkomst is pas yn novimber, mar no al binne in twatal kommende jongerein bestjoersleden aktyf. Jan Bouke Bouma en Ab Scheepvaart draaie no al mei.
Jappie Wijnia en Syb Overal binne mei harren lêste moannen dwaande.

Valkenburg
Der misten freedtejûn noch al wat spilers yn ferbân mei it hurdfytsen. Letter hjoed hoopje wij de útslaggen jaan te kinnen fan de berchetappe.

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!