Wepperkes – snein –

Utslaggen 5-10-2007
5 oktober 2007
Wepperkes -moandei-
7 oktober 2007

Ferslaggen
Nei in wedstrydsneon komme der altiten moai wat ferslagjes binne fan jong en âld. Sjoch hjir

Kniesd of stikken?
Floris Hiemstra foel juster oan de ein fan de wedstryd wat ûngelokkich op syn pols. Hij hat de hiele nacht flink lêst hân is fannemoarn dochs mar efkes nei it sikenhûs west. At er wat stikken is, is net hielendal dúdlik mar der is wol sprake fan in flinke kniezing.

Mis
Sûnt juster hawwe wij foar SDS 1 in nije ferslachjouwer. Omdat de skriuwer dy’t it oars docht tsjintwurdich om de selde tiid hiele wedstriden fuotbalje moat, hat Symen Sikma him oanbean om it no te dwaan. Hij moat noch wol wat wenne oan syn nije rol. Doe’t in bal yn de feart rekke fleach hij der efteroan om de bal út de einekroazefeart te heljen en krekt op dat stuit skoorde SDS. En it koe net minder want it wie krekt de eigen soan Tsjalling dy’t skoarde. Wij binne benijd nei it ferslach.

Harm Auke
Hij skoarde sneon wer twa kear. Dat moast ek wol want syn 10 maten yn it fjild farierend fan 45 oant 56 jier dy wurkje harren út de naden foar de krekt 26 jierrige Harm Auke. Yn de wedstryd hie hij twa bysûndere mominten: Meneer Jappie út Skearnegoutum dy poarte Harm Auke en yn ien fan de lêste minúten skoarde Harm prachtich neidat hij in deaskop fan gjin menear W. te B. krekt ûntwike koe.

Fluitsje
Hoe âlder hoe gekker sizze se wolris. Dat jildt seker bij it fuotbaljen tusken SDS 5 en Skearnegoutum 4. Alles wurdt fan kommintaar fersjoen en in skeids hat it dan ek dreech. Stoffel Bouma fûn it sels ek dreech genôch mar hij die it prima.

Famkes yn aksje


Wat de famkes ek besochten, se koene net in doelpunt meitsje tsjin Tsjom. Der waard wol mei hert en siel striden.

Op 90 minuten nei, 3 moaie dagen hân.

Gearard Posthmus wie bij it Fean yn Sweden en trof dêr SDS-er Mark Postma. Syn ferslach:
Woansdeitemoarn mei twa buskes rjochting Sweden om der rûn 18:00 by it hotel oan te kommen en oanslutend de training besocht. Tongersdei prachtig waar, de stêd besichtige en al betiid yn de middei waard in café opsocht. Der wie it al snel drok mei foaral de supporters fan Nieuw Noord, wernei troch de strjitten fan Helsingborg de tocht rjochting stadion ynsetten waard. Efen mei Mark belje, en bûten it stadion seagen we elkoar ek mar dertussen sieten twa hekken in en romte fan 50 meter: voetbal anno 2007.
Tja, de wedstriid… Skandalig! Gelokkich wienen we 19:50 út ús lijen ferlost en koenen Mark en ik noch wol efen laitsje. Heerenveen wie nammentlik ek lachwekkend. It kaam goed út dat H’veen al om 18:00 spile, no wie der tiid genoch om treast te sykjen yn de drank. Dat slagge ek, dus de jûn waard net yn mineur ofsletten.
 
Freedtemoarn wer rjochting Fryslân, wer we rûn 18:30 oan kamen. Kortsein: mooi waar, zweedse frouen en bier; foar it foutbal kamen we toch al net.
Foar mear foto’s: www.feanfans.nl

At jim noch wat te melden hawwe, dan kin dat. Maile kin nei dit adres

It kotsmomint fan it wykein

Je sjogge soms dingen dy’t spontaan braakneigingingen ûntstean litte. Sa as dit.
Siem de Jong skoort yn blessuretiid bij Ajax de 2-2. Wat seit de totaal mislearre koach ten Kate: “Ik had zo’n gevoel van te voren dat Siem de Jong zou scoren vandaag, daarom bracht ik hem er in”.

Moai sein ten Cate en wij hiene hjoed sa’n gefoel dat Alves 7 kear skoare soe en ek dat klopte. En wij hawwe ek sa’n gefoel dat Ajax moarn gjin ôfkeapsom oan Chelsea betellet mar wat jild mei jout.