Wepperkes -moandei-

Wepperkes – snein –
6 oktober 2007
SDS League: Op ‘e nij 3 wykpriiswinners!
9 oktober 2007

De haka
Op dit stuit is it WK rugby. Foar de echte leafhawwers ûnder ús (Sipke) in geweldich barren. Ek wij seagen dit wykein in oantal prachtige gearfettingen mar foaral in prachtich begjin. The Haka, de kriigsdûns fan de Nij Seelanners. Dit liket ús ek krekt wat ta foar SDS 3 tsjin bijgelyks Warkum of sa.

Oan de tuchtkommisje fan de KNVB
Wij fregen ús al ôf hoe’t it mooglik is dat Feiko Broersma fan A 1 in reade kaart krije kin. Feiko jout sels it antwurd:
Ik kin mij sels der ek neat bij foarstelle om de skiedsrjochter te beledigjen. Dat ha ik namelijk ek net dien, al tocht der van wol.
It wie sa: ik waard werris fêst holden yn een duel en sei tsjin myn tsjinstander van Gorredyk “flikker op man”. De skiedsrjochter tocht dat ik it tsjin him hie en joech mij de reade kaart. Al mei al hiel fremd, maar baal der wol een soad van!

Kruk

Oer twa wiken giet ûs nije kantine iepen. Oer de ynrjochting is altyd wol wat te sizzen. De bar sjocht der kreas ût, dat kinne wij allegear al sjen. Oer de krukken is noch wol wat te dwaan. Wij hawwe fia ûs geheime bron beslach witte te lizzen op in foto fan de nije kruk. In kruk spesjaal foar mannen.

Strjitlizze

Wij seagen sneon hoe’t je in grut opperflak fluch bestrate kinne. Mei in apparaat foar de meters en in soad minsken foar hoekjes en de hennen.

Klaas Kamstra wie yn syn nopkes yn syn kraan

C2 yn aksje

C2 makke der sneon wer in doelpuntrike wedstryd fan. It wie 5 minuten foar de ein 6-7 en it socht om de lykmakker. Helaas makken de Frisanen noch twa doelpunten.

Skriuwersdebút
Sikma fan Dronryp bea oan om it ferslach te meitsjen. As in echte sjoernalist út eardere tiden skreau hij in kreas ferslach. Mar foardat it op ynternet kaam te stean moast der noch hiel wat barre. Want hoe krije je it bij de webmasters at typen je net maklik ôf giet en mailen leare noch op it ferlanglistje stiet. Syn frou typte it út en besocht it dochs fia de mail yn Wommels te krijen. Helaas wie de mail mei de tekst ynienen fuort mar net yn Wommels. Lang om let hat Sikma de briefjes efkes op Swingoerd brocht. Dêr is de tekst wer úttypt en sa kinne je op Voetbalnoord en op ús side
it earste ferslach fan Sikma oer SDS 1 lêze. (klasse)

Ferfeling
Mocht de ferfeling kommende tiisdeitejûn taslaan dan kinne jim altiten noch efkes sjen hoe’t webmaster Aant it der ôfbringt yn de kwis
Fryslan Boppe.

SDS League
Moarntemiddei kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League. Wy ferwachtsje dat Alves it ferskil makket dizze wike. Hy hie mar leafst 24 punten.