Utslaggen 5-10-2007

Wepperkes -freed-
5 oktober 2007
Wepperkes – snein –
6 oktober 2007

Understeand de útslagen fan sneon.  Hawwe jim in koart ferslach, bijsûnderheden en doelpuntenmakkers dan stelle wy it tige op priis dat jim ús maile.
Mail it nei
dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 1  – Wykels Hallum 1  8-0
12:00 SDS 2 – Blauw Wit ’34 3  2-2
14:30 SDS 5 – Scharnegoutum’70 4  3-1
10:15 SDS C1 – Nijland C1  5-0
11:00 SDS C2 – Frisia C6  6-9
9:00 SDS D1 – Franeker SC D2  1-4
12:30 SDS DAJ – Tzum DA1  0-5
9:00 SDS E1 – Workum E2  9-2
9:00 SDS E4 – Makkum E2  0-10
10:00 SDS F2 – Rood Geel F3  2-3
13:30 Workum 2 (zat) – SDS 3 (zat)  1-1
12:45 Arum 2 (zat) – SDS 4 (zat)  4-3
14:30 Gorredijk A1 – SDS A1  1-2
12:45 GAVC B1 – SDS B1  10-0
10:30 Blauw Wit ’34 D5 – SDS D2  2-5
10:30 Sparta’59 E1 – SDS E2  4-1
10:00 Makkum E1 – SDS E3  5-1
9:00 RES F1 – SDS F1  4-8
9:00 SSS’68 F2 – SDS F3  5-1

Bij de wedstriden:

SDS 1 – Wikels Hallum 1    8-0
Sûnder dat wij it sels sjoen hawwe, meie wij oannimme dat it publyk tige tefreden 90 minuten oan de line stien hat. Sikma sil it ferslach dwaan, mar wij ferklappe alfêst dat Tsjalling (2) Dirk, Skelte, Tsjipke Klaas en Jelmer (3) de doelpuntenmakkers wiene. Hjir it ferslach

SDS 2 – Blauw Wit 3       2-2
1-0 efter, 2-1 foar en dochs noch 2-2. De wedstryd einige krekt binnen de tiid en dat hie gjin positive reden. Halje trawalje. Feite skoarde út in strafskop en de oare doelpuntenmakker witte wij net.

Workum 2 – SDS 3     1-1
Mei al wer in wrâlddoelpunt kaam SDS 3 ta in gelykspul. Anco Elgersma wie de makker en hij is allinne dit wykein beskikber foar hantekenings. Fan Arjen en Hjalmar krigen wij noch in ferslach mei de oansprekkende titel: Terugkeer Jan Stenekes doet SDS 3 de das om

Arum 2 – SDS 4     4-3
In prima 1e helte tsjin toch wol in sterk team, wernei we mei 1-3 de rêst yngongen. Yn de twadde helte waard de wedstrijd yn 2 minuten út hannen jûn: 3-3, wernei yn de leste minuut de 4-3 folgde. Doelpunten SDS: Bas de Haan, Willem Veenstra, Gearard Posthumus. Blessures wiene der ek, Johan moast al yn de 1e helte nei de kant, Gearard nei 5 minuten yn de 2e helte en ek Jelte helle it eindsignaal net.
(Gearard)

SDS 5 – Scharnegoutum 4       3-1
De striid tsjin Skearnegoutum hat altyd wat ekstras bij sommigen. Jacob wol net ferlieze fan syn âld doarpsgenoaten en Harm Auke net fan de heit fan syn freondinne. Der moast hurd wurke wurde om de oerwinning binnen te slepen. Harm Auke skoarde twa kear en kin it der gerêst efkes mei Jappie oer ha en Eddy de Boer makke in typysk Eddy de Boer doelpunt.

Gorredyk A 1 – SDS A1   1-2
De A’s diene it wer best, troch mei 1-2 te winnen. Doelpuntenmakkers wiene Jacob van Wieren en Sytze Kooistra. Feiko Broersma krige read fanwege it beledigjen fan de skeids en dêr kinne wij ús hielendal neat bij foarstelle.

GAVC B1 – SDS B1
Nei in moaie opstekker ferline wike, goed spul en in motivearre ploech, hjoed wer in tebeksetter. 
We ha 10-0 ferlern en foaral fan ús sels. In kertier ha we aardich mei dien en sels oan eigen spul ta kaam.
Nei de 1-0 wie der ek noch neat oan de hân. Mar nei 3-0, troch persoanlike fouten, gienen de koppen del.
Dat wie tige spitich, want de twadde helte wie ek net best. It wykein moatte de mannen der mar moai op út en ek ris oereidzje wat hja wolle.
Want noch sa’n wedstriid kinne we net brûke. En ja, we ha in opstekker nedich. Ferline wike krigen we dy troch it goed spul.
Mar ris in wedstriid winne soe ek tige helpe. We geane der wer foar, of net mannen?
Tank oan Anne Hallema foar it flagjen en Jeltje foar it bringen op de hinnereis.
Groeten,
Klaas Pompstra

SDS C1 – Nijland C1  5-0
SDS C1 hie sneon in topper; in ferslach fan Ab Scheepvaart:
SDS heeft deze wedstrijd met een klinkende 5-0 overwinning afgesloten. Beide teams hadden zich goed voorbereid en er was een gezonde spanning merkbaar. Strategie van SDS was om zo lang mogelijk de 0 te houden en Nijland niet in de wedstrijd te laten komen. Dit is goed gelukt, en SDS kon vervolgens zoals
gepland het spel maken.
De ruststand van 1-0 liet zien dat het strijdplan tot dan goed uitgevoerd kon worden, maar het kon nog zeker alle kanten op. In de tweede helft wist SDS door goed combinatievoetbal de voorsprong uit te bouwen. Na de 3-0 leek Nijland er ook niet meer in te geloven en konden hun spaarzame uitvallen redelijk eenvoudig worden afgeslagen. Uiteindelijk is het 5-0 geworden.
Een wedstrijd die heeft laten zien dat goede voorbereiding het halve werk is én dat het hele team erachter stond. C1 heeft dit uitstekende resultaat dan ook met zijn allen afgedwongen, het was ‘Sterk door Samenwerken’. 
Iedereen heeft aan de overwinning meegewerkt, maar toch moet Remon Rameau hier even worden genoemd. Als ‘dagkeeper’ heeft hij op zeer belangrijke momenten een doelpunt van Nijland voorkomen. Als je dan weet dat zij hun andere wedstrijden met grote cijfers hebben gewonnen en inmiddels een gigantisch doelsaldo hebben, heeft Remon het team een heel goede dienst bewezen.

Volgende week staat de volgende uitdaging op het programma: thuis de bekerwedstrijd tegen Read Swart C1, aanvang 10.15 uur.

SDS famkes – Tzum famkes     0-5
Se hiene harren der in soad fan foarsteld om de hatelike 0 fan it boerd te krijen. It pakte oars ús. Te min stjitkrêft foaryn en snelle útfallen fan Tsjom nekten de froulju. De nije sjurts stiene skitterend.

SDS C2 – Frisia C6
It wie hjoed in tige spannende striid tsjin Frisia. De wedstriid haw wy fuortjoon in de earste 3 minuten wêr’t wy al efter kamen mei 0-3. SDS kaam wer goed werom nei 3-3. Bei de rust wie it al 3-4, in de twadde helte waard it 6-9.
Goals binne makke troch Jurjen, Christian 2x, Martin (penalty), Gerrit T en Dirk. Gerrit Tessemaker skoorde knap fan in ûnmooglike posytsje in prachtgoal.
Al mei al in moaie striid dy’t helaas net punten oplevere hat. (Jaap Zijlstra)

Res F1 – SDS F1   4-8
Alles hawwe se dit jier noch wûn. Beker en kompetsyjewedstriden. Klasse.

Groeten, Johan Heerma

Afgelopen zaterdag hebben wij(SDS F1) tegen RES uit Bolsward gespeeld.
Met de rust stond het 3-3. Eerst stond het 3-0 voor ons. RES werd sterker. Na de rust viel het ene doelpunt na het andere.
Uiteindelijk hebben we gewonnen met 8-4.
Tot nu toe hebben we alle wedstrijden gewonnen.

Tom de Rechter