Wepperkes -snein-

Útslagen en ferslagen 24-11-2007
23 november 2007
Wepperkes -moandei-
26 november 2007

Grutte klupaksje

Tongersdei 22 novimber wie de trekking fan de Grote Club Actie.

Op www.groteclubactie.nl kinne jim de útslach fine.

Sa goed as ik it besjoen ha binne der gjin grutte prizen fallen by ús.

Op 4 lotten is in priis fan €5 fallen. Dit binne de nûmers dy ’t einigje op 49.

Allegearre tige tank foar it keapjen fan de lotten. SDS is hjir in lytse €900 better fan wurden.

Gr. Immie

Bytekene
It bestjoer fan SDS lit witte dat sy sear kontint binne dat de fersoarger fan SDS 1, Dooitze Nauta, bytekene hat foar in jier. Út namme fan de spilers dy ’t net hielendal fit binne en geregeld by Dooitze op de “wurkbank” lizze, binne ek wy hjir tige wiis mei.

Bekend
It is ús ynmiddels bekend wa ’t der foar SDS 2 nêst Feite de Haan skoorde tsjin Blauw-Wit. It koe ek hast net misse. Hy die it juster tsjin CVVO lyk mar wer; Pieter Kamstra.

Wûn!
SDS B1 wûn juster wer ris foar it earst yn tiden. Hjir it tige opgewekte ferslch fan Klaas Pompstra(klik hjir).

Midwintercup 2008
Yn jannewaris 2008 is der wer de Midwintercup. De lotting is ynmiddels bekend. Moarn kinne jim him hjir besjen.

Nei Bundaberg!
Bonzo gie nei Bittburg en Dirk-Yde nei de Bundaberg. Hoe? Jim kinne it hjir lêze!

Kin gebeure!
It soe ús ek gebeure kinne, want ús Kroatysk is ek net alles(klik hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei dizze adressen.