Útslagen en ferslagen 24-11-2007

Seleksjes 24-11
23 november 2007
Wepperkes -snein-
24 november 2007

It programma fan sneon sjocht er gefarieerd út. oefenwedstryd, bekerwedstriden en kompetysjewedstriden.
SDS 5 krijt de topper út syn klasse op besite. VVI 4 hat noch gjin punt ferlern en nei 8 wedstriden in doelsaldo fan 73-11. Dus at jim doelpunten sjen wolle…..Of is Jaap yn topfoarm?

Utslaggen, doelpuntenmakkers en oare nijsgjirrige saken kinne jim maile nei ús adressen

    útslach

12:00

SDS 2 – CVVO 2  3-1

14:30

SDS 4 – Waterpoort Boys 3  3-1

14:30

SDS 5 – VVI 4  2-8

12:30

SDS A1 – Jubbega A1  8-5
     
10:00 SDS-da – SDS fa (oefen)  1-6
     

12:00

Berlikum SC 2 – SDS 3  0-3

11:30

Makkum B1 – SDS B1  2-4

12:00

Sneekwitzwart D3 – SDS D1  0-8
11:00 Mulier C1 – SDS C1  0-5
10:15 ONSTOP63 C4 – SDS C2  3-0
9:00 Oosterlittens E1 – SDS E1 (beker)  2-1
9:00 Minnertsga F1 – SDS F1 (beker)  5-3

9:00

Franeker SC F5 – SDS F2  3-1


By de wedstriden:

SDS 2 – CVVO 2
SDS 2 pakte hjoed wichtige punten. It wie alwer in skoftke lyn dat sy foar it lêst wûn hienen dus it waard heech tiid. SDS 2 spile hjoed knap en lei dêrmei it bewiis dat sy mear yn harren hawwe dan de stân op de ranglist fermoeden docht. Syb, Pieter en Feite(pingel) makken de goals foar SDS 2.

Berlikum 2 – SDS 3
SDS 3 wûn juster knap yn Berltsum mei 3-0. Pytrik Hiemstra makke it ferslach(klik hjir).

SDS 4 – Waterpoort Boys 3
Yn de earste helte gong Gearard, nei goed wurk fan Willem, 2 x allinich op de keeper ôf en hy koe beide kearen skore: 2-0.  2e helte waard it 2-1, mar krekt foar tiid besliste in spiler fan WPB, nei in foarset fan Coen, troch in eigen goal de wedstriid.
Einstân: 3-1.
Gerard


SDS A1 – Jubbega A1
Hjirbij een lyts verslagje van de A’s van SDS tsjin Jubbega.
Nei een knap earste hjel oere een 5-0 foarsprong, goeie goals trog mooi oanvallen.
Hjirnei sakke it niveau en krigen we een oantal goals tsjin, mar de oerwinning hat nooit echt yn gevaar west.
Uteinlike utslag 8-5 en de 3 punten dus wer binnen.
Goals wiene der van Sytze (3) Feiko (2) Jacob (2) en Freek (1).
Feiko

Makkum B1 – SDS B1
Einlik oan de bitterballen en in bierke as AA. Dat hienen de mannen ek wol fertsjinne. Hjoed ha we yn Makkum de earste oerwinning en earste punten fan it seizoen helle. Fuort mar trije! 2-4 (1-2).
De wedstriid wie net goed, mar sa as de jonges ek seinen. We ha de punten. We ha wol in oantal wedstriden hân dat we hast in puntsje pakke koenen. Wykels Hallum (2-4), JVC Nylan (1-2), Lw Zwaluwen (2-1) wienen der lokkich.
Hjoed moasten nei Makkum ta. De wedstriid gie foar 2 wike net troch en moast no ynhelle wurde. We gienen mei 13 man op paad. Neist Gerrit Jan is no ek Christiaan (wer) blessearre. Hartstikke spitich foar Christiaan (3e kear) fansels en ek foar ús. Broer Jacob hie in famyljewykein.
Wytse Lanting, Doede Kooistra en Andries 2 meitsje de goals.
Groetnis,
Klaas

Mulier C1 – SDS C1 0-5
De uitwedstrijd in de 3e klasse AK tegen Mulier is SDS als winnaar uit de bus gekomen. Niet een wedstrijd om lang bij stil te staan, omdat het collectieve teamverband niet was wat het kan zijn. Veel spelers voorin, elkaar in de weg lopend en steeds de drukte zoekend.
Individueel waren de spelers op de meeste posities (als ze die al hielden) vaak net even beter als die van Mulier en dat maakte het verschil dat vandaag nodig was.
Voor rust drie keer scoren (Kristian, Martin en Jan Friso), in de tweede helft zorgden twee doelpunten (Jan Friso en Jan) voor de 0-5 eindstand.
Mulier kon weinig richting SDS-doel teweeg brengen, SDS had nog enkele redelijke kansen (net langs of over, paal en lat). Lichtpunje was de goed leidende scheidsrechter Bergsma….
Volgende week, thuis tegen DWP om 10.15 uur moet het team er als geheel weer staan, wil SDS als koploper de winterstop ingaan. De naaste concurrent Nijland won vandaag met 5-0 van DWP. Zaterdag 1 december moet er dus echt weer een team staan…….

Letter hooplik mear ferslagen!