Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
24 november 2007
Lotting Midwintercup 2008
27 november 2007

Midwintercup 2008
De lotting fan de Midwintercup 2008 is bekend. De foarrondes wurde op 8,9,10 en 11 jannewaris spile yn Frentsjer en Heerenveen. De finales binne op 12 jannewaris yn Frentsjer. De lotting sjocht der foar SDS sa út:

Poule 15

SDS za.

Oosterlittens zo.

D T D

Wardy

Futsal Heerenveen

Robur

Futsal Heerenveen liket hjir it sterkste team. SDS en Easterlittens sille stride foar it 2e plak. Dat kin leuk wurde.


Poule 16

Avanti

Blauw Wit ’34 futsal

Bolswardia

AVC

HJSC

SDS futsal

Avanti liket hjir de sterkste yn de poule. De haadklassers Blauw-Wit ’34 en SDS binne de favoriten foar it 2e plak.

De rest fan de lotting is te finen op de webside fan de KNVB(klik
hjir).


Jeugdsealtraine
DAG TEAM DATUM TIJD TRAINERS
Maandag F4/F5 26-nov 17.00 Bauke Dijkstra
Donderdag F2 29-nov 17.00  Theo Postma
Donderdag F3 29-nov 17.00  Jan Bouke Bouma
Vrijdag E3 30-nov 17.00  Broer Jacob Greidanus
Vrijdag E4 30-nov 17.00 Christian Plantinga

Doelpuntenklassemint
Gearard Posthumus is wer fierder útrûn yn it doelpuntenklassmint. Sels makke hyfoar SDS 4 2 goals yn de wedstryd tsjin Waterpoort Boys 3. Direkte konkurrint foar de topskoorderstitel, Harm-Auke Dijkstra, makke 1 goal foar SDS 5 tsjin VVI 4. Ype Tiemersma wist syn totaal oan ’t sneon ta te ferdûbeljen. Hy makke ek 1 goal tsjin VVI 4. Sjoch hjir foar de hiele list.

Opfallend
Ôfrûne sneon in opfallende man yn de goal by SDS 4 tsjin Waterpoort Boys:


Nije hobby
In wykein net fuotbalje en der binne fuotballers dy ’t lyk op syk geane nei oare hobbys. Nim Henk Postma. Ôfrûne sneon gie hy earst te snoekfiskjen om him jûns syn talinten as wynpriuwer sjen te litten.

Hy spuugde der net yn…………

SDS League
Moarn hjir wer de nije stân fan de SDS League.

Antwurden VI-kwis
Hjoed dan eindelijk de antwurden fan de VI-kwis(klik hjir) dy ’t wy foarige wike hjir op de webside hienen. De kwis wie aardich dreech. Gerard Posthumus kaam in hiel ein mar miste úteinlik noch 4 antwurden. Skelte Anema hie goed sitten te stinnen en kaam wol efter alle goeie antwurden. Dit wienen se:


Tanke
Tanken kin dochs leuker wêze dan wy tochten(klik
hjir).

Hawwe jim nijs, kommintaar, opmerkings, oanmerkings, iets wat jim fan it hert moat, rektifikaasjes, iets aardichs, mail it nei
dizze adressen.