Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
2 december 2006
Wepperkes -moandei-
3 december 2006

Goeie tiden minne tiden
Klaas Okkema kaam tongersdeitejûn spesjaal efkes nei de Treffer gearkomst. Hij rjochte strange wurden nei de wepmasters: Der moast ek ris wat posityfs oer Feyenoord sein wurde op de side. Hij beskuldige de wepmasters sels fan Ajacied wêzen. No giet dat foar de iene wol op mar foar de oare seker net. Derom mar út it eigen archyf fan de iene wepmaster dy’t in Feyenoord hert hat mar de sitewaasje wat nuchterder besjocht as Klaas in
artikel út 1970. Dat wiene noch ris tiden!!!

Goeie tiden
Al wer goed nijs foar Feyenoord. Sij winne mei 4-3 fan sc Heerenveen yn in boeiende, spannende en doelpuntrike wedstryd.

Reklame
Ype Tiemersma hat de folgende reaksje op de rubryk; “wa binne der net”: is dizze reklame fergees, dan bin ik elk wykein ek wer oan it wurk mar dan wol reklame meitsje fan de Welkoop winkels
graach.
Ype.

Sinterklaas
Sneontemiddei hat elkenien syn ynkeapen dwaan kind foar Sinterklaas. At it noch net slagge is, is der hjoed ek noch in kâns. Sommigen bern ferwachtsje mear dan harren takomt. Lykas
Kelly.

Gjin Sinterklaas
Komt Sinterklaas fanmiddei net by jim oan de doar dan kinne je der altiten noch foar kieze om Feyenoord-SC Heerenveen op de komputer te besjen(klik hjir).

Futsal: SDS F1
Yn de kommende Treffer kinne jim in útgebreid ferslach fine fan Theo Postma oer it sealfuotbaljen fan SDS F1 yn Snits.

Traine
Dizze teams moatte fan ‘e wike yn de seal traine:

MAANDAG F4/F5 4-dec 17,00UUR BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG E3 7-dec 17,00UUR JELMER DE BOER
DONDERDAG E4 7-dec 17,00UUR SAMME OVERAL
VRIJDAG E1 8-dec 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
VRIJDAG E2 8-dec 17,00UUR CHRISTIAN 

Drok besocht
Juster wie it drok op de SDS-webside. Mear as 700 besikers kamen te sjen as it fuotbaljen ek ôflast wie of hoe ’t SDS 2 fuotballe hie. It wie dúdlik dat der oars neat te dwaan wie as efter de komputer te sitten. Gewoanwei hawwe wy op sneon net mear as sa’n 400 besikers.

Feiko, Gearard of Jildert
No’t der dit wykein net fuotballe wurdt, hawwe de trije kandidaten foar de twadde ronde fan de kenniskwis moai de tiid om efkes de boeken yn te dûken of ynternet ôf te streupen. Want kommende tongersdei giet it wer oan. Om 21.30 oere yn de kantine. Fansels hawwe dizze trije jonge kandidaten stipe nedich. Dus kom allegear.

Letter hjoed mear

Hawwe jim noch nijs, lit it ús witte. Maile kin nei dit adres