Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
6 oktober 2006
Wepperkes -moandei-
8 oktober 2006

Wedstrydferslaggen
Wij krije de lêste tiid fan in protte lieders of spilers de útslaggen troch mei in koarte reaksje. Prachtich is dat. Se steane allegear bij 
utslaggen en ferslagen 7 oktober.

Pippi’s kinderopvang

Tapaskliker kin it net wêze: F4 fuotballet yn it sjurt fan Pippi’s kinderopvang. Mei op sneon oppassers/begelieders Eddy en Ronald.

Strafskoppen nimme is in feest
Nei ôfrin fan de wedstryd fan E-tsjes en F-kes wurde der strafskoppen nommen. Dat is in feest. Mei al dy heiten en memmen en pakes en beppes en broerkes en suskes der om hinne.



Hjir F4 yn aksje tsjin WPB F2.

Geheim
Op dizze snein sille wij jim earst efkes in geheim fertelle. Gerrit Hingst hat mei syn band The Secret it Liet festifal wûn. En dat is bard sûnder dat jim op him stimd hawwe, want dat wie net mooglik. Neidat Sebeare (doe mei Folkert Rients Vellinga fan SDS 5) it festifal earder wûn hat , fielt dit suver wer as in lyts SDS sukseske. (Fan herte Gerrit, wij sille dij no wol net wer sjen yn it fjild neidizze trochbraak.)

Arjan syn tean
It like derop dat Arjan Posthumus juster syn rentree meitsje soe by it 2e. Hy siet al op de bank mar foel net yn. Arjan hat wer wat lêst fan de tean krigen en wierskynlik moat hy wer nei de dokter. Hooplik giet it gau wer oer.

It sit Arjan dit seizoen net mei.

De broer fan Marcel
Stoffel Bouma is bussjoffeur, dat witte wij allegear. Hij sjocht deistige patroanen, want meast stappe deselde minsken op de selde tiden en op de selde plakken út of yn de bus. Is it oars dan falt in sjoffeur dat gelyk op.
Sa seach Stoffel neidat hij de D-s efkes fluite hie immen om it fjild hinne stappen en yn de kantine omrinnen en op ien of oare wize tocht Stoffel fan : he.
” Hoe laat begint SDS – BCV ” wie op lêst de fraach oan Stoffel. Stoffel wist it antwurd gelyk: 14.30 oere, mar it is yn Burgum”!!
Stoffel frege fan wêr dizze bysûndere belangstelling wie foar de wedstryd. “
 Ïk bin de broer fan Marcel en dy sei dat it der goed foarstie dus tocht ik ik moat mar efkes sjen.”
Nei in drankje, in praatsje en in gehaktbol is de broer wer ôfsetten. Net nei Burgum mar nei hûs, sadat hij net sjen koe hoe goed it der werklik foarstie.

Eigen sponsor?
Keeper Jaap Toering fan SDS 1 spile juster mei in eigen sponsor op it sjurt.
Klik voor groot formaat
Wol hiel tafallich deselde sponsor as dy fan BCV…..

PvanP

Piter Lieuwe van der Valk hie him safolle foarsteld fan de wedstryd sneon mei SDS 6 tsjin de Wâlde 3. Nije fuotbalskuon, moai waar en hij hoegde net te jarjen.
Nei ôfrin siet hij der ferslein bij. Net omdat hij mei syn ploech ferlern hie, mar omdat immen twa kear yn eigen doel sketten hie. Immen fan SDS, immen mei nije skuon en immen dy’t net hoegde te jarjen.

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!