Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
8 oktober 2006
Wepperkes -tiisdei-
9 oktober 2006

Eameladressn
André Vink hat wat eameladressen noadich sadat hy dizze minsken eltse wike in nij programma maile kin. Stiet jo namme op dizze list(klik hjir), mail dan efkes nei 
famviea@hetnet.nl of skilje André Vink(0515-333134).

Wichard Deinum 4 kear rekke
Hij wol oaren graach skoare litte mar hij wol sels ek graach skoare. Sneon die er dat lêste. Fjouwer kear de bal tsjin it net. De totale list sjocht er no
sa út.

Links KNVB
Ús link nei it programma fan dizze en folgende wike op de webside fan de KNVB wurket wer. Sjoch dus by “agenda” foar de programma’s fan alle SDS-teams foar de kommende 2 wiken.
In hiel soad oare links nei de webside fan de KNVB wurkje net mear. Hjirfoar moatte je je earst registrere by de KNVB.

Seleksjefoto’s
Op sneon 21 oktober sille der seleksjefoto’s makke wurde fan sawol SDS 1 as 2. Beide ploegen hawwe, sa ’t it no stiet, dan gjin programma en sille beide traine. Hjirfoar sil der in fotosjesje hâlden wurde.

Liet 2006
Gerrit Hingst wûn sneon mei The Secret Liet 2006. Sjoch op de webside fan Omrop Fryslân foar foto’s. Je kinne dêr ek nei it winnende nûmer lústerje(klik
hjir).


It droege feest yn Boazum


It wie sneontejûn droech yn Boazum tidens it tintefeest. Dat wie foar Samme O. te E. in grutte teloarstelling. Gelokkich wiene der wol fearten yn de buert. Dan kinne je altiten per ûngelok noch flink wiet wurde. Je hâlde soks leaver wat stil, want foar je it witte stiet er wer in wepperke op dizze side.
Stom, stom stom, in droege jas oannimme en it wiete spul ôfjaan oan de dochter fan ien fan de wepmasters dat is it selde as freegje om in wepperke. Goed dien Samme.

Nieuwstv
Ek NieuwsTV hie juster nijs oer BCV-SDS.
Hjir it berjocht en hjir en hjir en hjir de foto’s dy’t er bijheare.
Ek op de side fan BCV stean noch wat
fotos.

Webside Bolswardia
Ek by Bolswardia komme sy no mei in webside. Te begjinnen mei de jeugdôfdieling. Wy moatte sizze dat it der foarearst goed útsjocht(klik
hjir).

Mâl
Soenen Hijlko Broersma en Germ Stenekes ek sa tekear gean by in derby tusken Easterlittens en SDS?(klik
hjir)