Wepperkes -sneon-

Utslaggen en ferslagen 7 oktober
6 oktober 2006
Wepperkes -snein-
8 oktober 2006

Poerbêste fjilden
Der wiene wat twivels at alles wol troch gean koe, troch it folle reinwetter fan de lêste dagen. Dy twivels wiene ten ûnrjochte. De fjilden leine der perfekt bij.

Rentree?
Arjan Posthumus hat de hiele simmer ûnder de pannen west mei in yngroeide teannagel. As it meisit makket hy hjoed syn rentree by SDS 2.

Makket Arjan hjoed syn rentree?

Bliksemaksje
De KNVB organisearret in oantal scholingsbijienkomsten foar pupillen. It programma kinne jim
hjir sjen en it opjaan kin bij Jappie Wijn ia. It soe fansels aardich wêze dat ek wat SDS-ers belangstelling hawwe hjir foar.

It moat net gekker wurde
De terreinmasters fan SDS kinne de kommende jierren noch hiel wat wurk ferwachtsje at it sa troch giet mei de ûntwikkeling dy’t him sûnt koart ynsetten hat. Binnen it taktysk gedoch spilet it fjild no in grutte rol. Earst meitsje de Bulgaren it fjild in pear meter smeller om Nederlân minder romte te jaan en bij Chelsea binne se ek al wer dwaande. Sjoch
hjir

Moaie foto
Wij kinne, mei tank oan ferskillende fotograven de lêste tiid moaie foto’s sjen litte op dizze side. Dat binne meast foto’s fan wedstriden fan SDS1. Hjoed freegje wij oandacht foar
in hiel bysûndere foto fan Henk Bootsma dy’t meidocht oan in wedstryd. Jim kinne him stypje troch op him te stimmen. Sjoch foto 12.

Moarn mear.