Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
10 februari 2007
Wepperkes -moandei-
12 februari 2007

SDS 2 wint
SDS 2 hat sneontemiddei in nuttige oefenwedstryd spile yn de Pein. Sij hawwe mei 0-1 wûn fan ONT. Doelpuntenmakker wie Dirk de Jong, dy’t oerkommen is fan SDS 3.

SDS 1 ferliest
SDS koe net op tsjin Ljouwerter Sweltsjes. Yn Ljouwert waard mei 3-0 ferlern fan de earste klasser.

Noch net fuotbalje
7 oktober fuotballe Gerrit Terpstra foar it lêst foar SDS 2. Hy krige in reade kaart en waard foar 6 wedstriden skorst. Troch ît ôflassen fan ferskeidene wedstriden hat Gerrit noch altiten net wer fuotballe. De KNVB sjocht it ek noch net sitten dat Gerrit wer begjint en stelde syn rentree noch efkes út troch alles juster ôf te lassen. Oars mocht Gerrit folgende wike wer fuotbalje. No moat hy yn elts gefal noch wachtsje oan’t 24 febrewaris.

SDS League
Mocht je nije team foar de SDS League noch klear lizze op it oanrocht, goai it dan hjoed noch efkes hurd by Willem troch de doar(of yn syn mailboks).

Aris wint al wer
Mei 15 SDS 5 spilers op de tribune wist Aris justerjûn al wer te winnen. Landstede Zwolle waard yn it twadde diel fan de wedstryd oan de kant setten en Aris wûn úteinlik mei in punt as 9 ferskil. Yn de kommende Treffer in sfearferslach oer dit reiske dat begûn mei snie en fia akelike pine ‘e holle basketbalmuzyk en in spannende wedstryd en nei in isellaach einige bij de Rocks yn Easterein wêr’t je der wer efter kamen dat der gelokkich noch goeie muzyk is, wêr’t je net fier foar hoege te reizgjen.

De Rocks
It muzikale talint troch de jierren hinne yn Easterein stie justerjûn meielkoar op it podium yn Easterein. Fan de aktive SDS-ers helle Folkert Rients Vellinga (SDS 5)  yndie de dynamyk en emoasje út syn net mear blaue teannen en Gerrit Hingst (SDS 3) stie ûnfersteurber in flink potsje te gitaren. Sels Freddy Scheltema hie syn gitaar wer fan solder helle en song spesjaal foar Lolke Hofstra Neil Young. En Fred mei in mikrofoan yn de buert levert altyd in hiele protte leuke anekdoates op.
(Klik hjir foar de foto’s)

SDS F3,4,5-mix verliest van …..Spannum?????
Voetbal meets korfbal? Nee, het lag net even anders.
De grand-finale van het “Greidhoeke-toernooi” voor de allerkleinsten, werd een half minuutje na de (achteraf “Golden”) goal van Easterlittens, door tijdgebrek abrupt gestopt. Zelfs de scheidsrechter schrok van het elf minuten te vroege signaal, waardoor hij het, net op dat moment gevallen, doelpunt van SDS niet opmerkte. Gezien de afspraken met de sporthal (vijf voor twaalf zaal “korfbalklaar”) een terechte beslissing, maar erg zuur voor de verhitte jonkies. Bij winst zouden zij eerste geworden zijn, nu bleef slechts een derde plekje over. Huilend en boos vielen zij hun ouders dan ook in de armen.
Spanning volop dus tijdens dit leuke toernooi, waardoor de adrenaline-spiegel van ouders en leiders alvast mooi op peil kwam voor het WK – schaatsen.
Ondanks het rare einde, verdienen de jongens van de wedstrijdleiding alle lof. 
Tjerk van der Pol  

Pikefel(15)
Freddie hie juster gelyk. By Easterein Rocks wie foar eltsenien wol in pikefelmomint(Like a Hurricane, The Boys are back in Town, Noch in gleske bier ensfh.).
By Aris foel it pikefel wat ôf neffens dit(klik hjir).