Wepperkes -sneon-

SDS League ynleverje!
10 februari 2007
Wepperkes -snein-
11 februari 2007

E 2 futsalde hjoed
Fan Siepie Fopma krigen wij de útslaggen troch.
Uitslag van de Jeugdfutsalcompetitie van E2 in Sneek.

SDS E2  –  Sneek E3    0-0 
Nijland E2 –  SDS E2     0-1
SDS  E2   –  Heeg E2    2-0

Easterein Rocks

Al lange tiid binne se yn  Easterein dwaande om in geweldige rockjûn te hâlden mei allinne Eastereinder muzikanten. Hjoed 10 febrewaris is it sa fier. Jûn yn Kafé Bergsma fynt it plak. En at wij de lûden sa heare dan wurdt it in knaljûn, dy’t net in Eastereinder misse wol. Hinnaarders, Itensers en Wommelsers binne fansels ek fan herte wolkom.

Oan de stúdzje
De SDS 5 spilers sitte dizze middei harren te ferdjipjen yn de termen fan it basketbal. Want at se jûn op de tribune bij Aris sitte dan wolle je wol graach de goeie taal sprekke. Bijgelyks: dat wie in airball, in alley oop pass, in back door, in buzzer beater, in cut, in downtown of in elbow. Mear basketbaltermen fine jim
hjir.

SDS 1 oefent yn Ljouwert
Mei in gefoelstemperatuer fan -10 oefent SDS 1 hjoed yn Ljouwert tsjin de Sweltsjes. Letter fanne middei hoopje wij de útslach troch te krijen.

SDS 2 oefent yn de Pein
Ek SDS 2 docht er alles oan om de goeie foarm te pakken te krijen. Sij binne ôfreizge nei de Pein.

Pikefel(14)
Jun pikefel mominten….Easterein Rocks!
Freddie

Letter mear