Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
11 februari 2007
Wepperkes -tiisdei-
13 februari 2007

Der klear foar!
Ien SDS’er is hielendal klear foar de twadde helte fan de kompetysje. Dizze foto stie ôfrûne sneon yn de Ljouwerter Krante.

Balkenende hawwe wy der ôf knipt.

Knibbels
It is wat mei de knibbelblessures by SDS. Jos hie lêst fan de knibbel mar is no wer fit, Willem hie lêst fan de ljisk, mar rint no mei in wrakke knibbel, Floris hat al in skoftke lêst fan de knibbel, foar 2 wiken ferdraaide Feite syn knibbel en no hat Hendrik de Jong ôfrûne sneon ek noch syn knibbel ferdraaid. Miskien kinne sy mei syn allen tsjin reduseard tarief nei de fysio of opereard wurde?

SDS League
Wy hawwe de teams foar de SDS League wer binnen. Der is ien team by mei ……..0 spilers. Wy tinke dat dizze foar de poedelpriis giet. Mocht dit net sa wêze dan moat Gerard van Asselt noch efkes in briefke ynleverje mei spilers.

Rabje
Ús bronnen blike aardich betrouber te wêzen. Foarige wike melden wy dat Lyckle Bleekveld nei vv Nijland giet per 1 augustus. Voetbalnoord befestige hjoed dit gerucht(klik hjir).

Traine yn de seal

F4/F5 12-feb 16,00UUR ANDRE VINK
F3 12-feb 17,00UUR DURK YDE
E3 15-feb 17,00UUR JAN SIMON JELSMA B1/B2
E4 15-feb 17,00UUR CHRISTIAN
E1 16-feb 17,00UUR DOUWE DURK / RUDI
E2 16-feb 17,00UUR JELMER DE BOER

Noch ien kear Aris
Dan geane je ien kear yn je libben nei it basketbaljen, sitte je lekker op de tribune en dan steane je moandei samar yn de LC – sportkatern: Sipke en Jelle.

Pikefel(15)
Yn Frankryk kinne se der ek wat mei. Mei nammen by Olympique Marseille(klik hjir).