Wepperkes -snein-

Útslagen 30 septimber
30 september 2006
Wepperkes -moandei-
1 oktober 2006

Nije trainers foar de jeugd
Fan Jappie Wijnia krije wij it goeie berjocht dat B1 en C1 beide in trainer hawwe. Wichard Deinum giet B1 trainen en Andre Vink C1.

Reaksje fan Sibe op boppesteande berjocht
Sa’t jim yn de Treffer lêze koene wiene de C-fûgels ree om de training oan C1 te jaan. No’t Andre Vink dat dwaan giet is Sibe tige tefreden:  “It makke ús neat út, it bliuwt in fûgel”.

Jonges tsjin famkes
E4 moast sneon oantrede tsjin ACV E3. It bysûndere dêroan is dat it in famkes ploech is. Hoe’t it de jonges fergien is kinne jim
hjir lêze.

Heard yn de bestjoerskeamer fan SDS
“Voor wij een damesvrouwenelftal krijgen, moet je ook wel twintig vrouwen bijelkaar hebben. Als er eens vijf ongesteld zijn zit je meteen aan!”
Tsjerk van der Pol freget him ôf: 
“Is dit nu frustratie omdat meisjes vroeger altijd snel vrij kregen voor de gymnastiek, of is dit gewoon ouderwets. Ik weet het niet…..”

Goed sicht
It binne noch mar Eetsjes, mar se witte no al in protte fan de mannewrâld. E4 spile tsjin in famketeam út Seisbierrum en doelman Lourens van der Pol merkte op:
“Der siet mar ien knap famke bij, dus ik waard net echt ôflieden,”

Neat mist
At je in kear op sneon net nei SDS 1 komme kinne, dan kinne je nei ôfrin dochs noch in aardich byld krije fan de wedstryd. Earst wiene dêr de foto’s fan Henk Bootsma en no binne dêr de foto’s fan websponser
Jaring Rispens.

Reaksje
In stikje fan Sibe yn de lêste Treffer levert net allinne in trainer op mar ek in besoarge reaksje. Sjoch hjir foar
in nijsgjirrige reaksje fan in foarearst anonime skriuwer.

B1 op fjild 9 yn boks 12
Op Urk is in grut fuotbalkompleks. Foar alle SDS-ers in belibbenis om dêr in kear hinne te gean. B1 moast oantrede tsjin B2 fan Urk. Levere dat punten op? Lês it
hjir.

Fan herte lokwinske(1)
Juster is dizze jonge blom 41 jier wurden. Noch fan herte lokwinske!


Fan herte lokwinske(2)
Sjoerd van Beem is hjoed jierdei! Hy is 26 jier wurden. Fan herte lokwinske!!

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!