Útslagen 30 septimber

Seleksjes -sneon-
29 september 2006
Wepperkes -snein-
1 oktober 2006

Hjir de útslagen fan sneon 30 septimber. Wy misse noch in pear.

    útslach
14:30 SDS 1 – Buitenpost 1  2-0
12:15 SDS 3 – Joure SC 3  1-3
12:45 SDS 5 – Zeerobben 5  0-2
10:30 SDS C1 – BergBCVComb C2  1-6
9:00 SDS E3 – Makkum E2  10-1
9:00 SDS E4 – AVC E3M  5-1
10:15 SDS F2 – RES F2  2-2
10:00 SDS F3 – Zeerobben F6  2-0
12:30 Noordscheschut 2 – SDS 2  1-0
14:30 Heeg 4 – SDS 6  5-3
14:30 Gorredijk A1 – SDS A1  3-2
12:30 Urk B2 – SDS B1  3-4
12:45 Blauw Wit ’34 B3 – SDS B2  6-1
11:00 Hielpen D1 – SDS D1  0-4
10:30 Zeerobben D4 – SDS D2  6-0
10:00 Annaparochie St. E1 – SDS E1  5-1
10:15 Heerenveense Boys E4 – SDS E2  4-0
10:00 Workum F1 – SDS F1  
9:00 Oosterlittens F2 – SDS F4  

SDS 1 – Buitenpost 1 2-0
SDS spile in knappe pot tsjin Bûtenpost. Dit resulteare yn 2 knappe goals. Dirk-Yde Sjaarda sjitte de bal yn de earste helte fanôf de hoeke fan de 16-meter sa yn it fierste krús. Yn de twadde helte wie it Robert Sybesma dy knap in stekbaltsje fan Mark Postma meinaam en de keeper passearde mei in knappe skower yn de hoeke.
By SDS keepte Jaap in knappe pot wêrtroch sy net mear yn de problemen kamen.
Pech wie der foar Tsjalling Sikma. Hy foel út mei in ankelblessure.
SDS klimt nei dit rissultaat nei in dielde kopposysje mei BCV. Folgende wike spylje sy út tsjin ditselde BCV.
Klik hjir foar de foto’s fan Henk Bootsma.

Noordscheschut 2 – SDS 2 1-0
Nei 1 minút rekke keeper Marten Faber al blesseard. Hy keepte al troch mar dit koe mar krekt. In ferkearde weromspylbal levere de 1-0 foar Noordscheschut op. Sa bleaun it jammer genôch ek.

SDS 3 – SC Joure 3 1-3
SDS 3 hie dizze wedstryd foar itselde winne kinnen. It rûn allinne net sa ’t it rinne moast. Dirk makke de goal.

SDS 5 – Zeerobben 5 0-1
SDS 5 de kânsen en Zeerobben 5 de goal. Yn de beker noch mei 7-0 wûn fan de fissekoppen en no mei 1-0 oan ‘e kont. K…….

Heeg 4 – SDS 6 5-3
In soad goals dus in moaie wedstryd foar it publyk. Foar SDS wie it wat minder. De goals wienen fan Tiemen, Jehannes en Hampie.

Gorredyk A1 – SDS A1 3-2
De A’s hewwe mei 3-2 ferlern van Gorredyk, zij wienen de 1ste helft better en wij de 2e helft. Een soad kansen hant de 2e helft, mar it geluk wie der net. Gelykspul hie mear terjochte west. De goals wienen van Jelmer en Paul.
gr. Feiko

D1 wint fan Hylpen D1
3x skoord troch Jurjen Eringa en 1x troch Teun Heeres. Net echt in superpot mar wy hawwe dien wat der barre moast en dat wie winne!
Jaap Zijlstra 

Fan de webmasters
Wij wolle de útslaggen fan alle wedstriden  graach fermelde. Foar útwedstriden is dat noch wolris in probleem.
Dus in fersyk oan lieders (of oaren) om ek de útslach op it boerd yn de kantine te fermelden of ús te mailen. Dat kin nei
dit adres.