Evenementen in november 2022

Wepperkes -snein-
1 oktober 2006
SDS League: Nije koprinner!
3 oktober 2006

Ferslach SDS 1
Op de webside fan Voetbalnoord fûnen wy in ferslach fan de wedstryd SDS 1 – Buitenpost 1(klik hjir).

Programma KNVB
Leden fan de KNVB kinne net mear samar it programma fan harren klup opsykje op de KNVB-side. De KNVB wol dat je je earst registrere. Dit stie der hjoed op de KNVB-side te lêzen: klik hjir.

Skiedsrjochter
Opfallende man by de wedstryd fan SDS 1 ôfrûne sneon tsjin Buitenpost wie de skiedsrjochter. Dizze kaam hielendal út Amsterdam. De spilers fan sawol SDS as Buitenpost moasten harren al in bytsje oanpasse. Dizze man ferstie gjin Frysk.

5 alvetallen en 6 doelpunten
Der wie dit wykein in meagere skoare. Mar 6 doelpunten. Dirk Yde Sjaarda stiet no op trije doelpunten en komt ticht bij de net skoarende Ype Tiemersma. Sjoch hjir foar
de komplete list.

De nije stân fan de SDS League
De nije stân fan de SDS League is opmakke. Wy kinne alfêst melde dat der in nije koprinner is en dat de wykpriis dield wurde moat troch 2 SC Heerenveen-supporters. Moarn kinne jim de nije stân hjir besjen.


De pasfoto is terjochte
Tongersdei dienen wy in oprop op de webside om te sjen as der ek ien wie wa ’t wist fan wa ’t dizze pasfoto is. Sicco Scheltema koe ’t ús fertelle:
Dizze foto is tocht ik van mien sus Britt.
Sicco


Wy hienen Britt sa gau net herkend…..

Wat in goal!!
Wat makke dy Robin van Persie dit wykein in prachtige goal foar Arsenal. Hjir noch efkes foar dygene dy ’t him net sjoen hawwe(klik hjir).

Harsens derby!
As je nei it fuotbaljen sjogge dan moat je de kop der al wat by hâlde(klik hjir).