Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
20 mei 2006
Wepperkes -moandei-
21 mei 2006

Sneu
Woansdei kinne de sealfuotballers fan SDS 2 de titel pakke. Dirk-Yde Sjaarda sil der net by wêze. Hy moat op stage nei Praag en kin hjir net ûnderút.

QVC , SDS en Jan de Wind
D3 helle in oerwinning yn Starum. Lês hjir
hoe dat gie.

“Tippelaar fan ’t jaar”
Juster gie SDS 2 te tippen yn Jorwerd. Dit slagge aardich. Mei namme Stefan van Krimpen. Hy wie it tûkst fan allegear en waard dan ek útroppen tot “Tippelaar van ’t jaar”. Dat tippen noch best in drege sport is die wol bliken. Stefan lei as earste op bêd……

Schni, Schna,……..
Arjan Posthumus(soan fan Appie) rint binnenkoart in skoftke stage yn in familiepark yn Dútslân. Syn reputaasje is ek yn Dútslân al bekend. Hy hat sels al in bynamme yn Dútslân ……..SchnAppie…….

ONS-Ijsselmeervogels
Anco seach juster efkes yn Snits by ONS-Ijsselmeervogels. It wie dêr aardich drok. De wedstryd eindige úteinlik yn 1-1.

De Ijsselmeervogels kamen mei mear as 1000 man nei Snits.

Drokte foar de goal fan de Ijsselmeervogels.

It bleaun ek 1-1.

SDS-gehalte
Ek bij Bolswardia-Veenwouden wie in flink SDS gehalte. Enne, Jan, Chris, Rients, Mark, Johan en Aant waarden dêr kreas ûntfongen toch de Boalserter SDS-ers Tjeerd, Lubbert, Boorsma en Syb Wesselius.
En fansels wie dêr Douwe Reitsma: hij fluite dizze wedstryd. Bolswardia wûn mei 2-0 en kin it tiisdeitejûn ôfmeitsje.

Jierferslaggen
De kommende Treffer stiet yn it teken fan in jieroersjoch fan alle ploegen. Der binne al wat ferslaggen binnen:
SDS1, SDS 3, A1, C1, C2, E2, E4 en futsal2. Wij hoopje dat de rest hjoed of moarn ek binnen komt, sadat wij gjin lege bledsiden yn de Treffer krije. 

Letter mear!