Wepperkes -sneon-

Útslagen 20 maaie
19 mei 2006
Wepperkes -snein-
20 mei 2006

Derop út!
Ek SDS 1 sil derop út. Op freed 2 juny sille sy nei golfklup Griene Stjer. Sy sille dêr 2 oeren golfles krije fan in echte “Pro”. Marcel Frankena liet tongersdeitejûn ek al efkes sjen in echte “Pro” te wêzen. Nei de golfklups en ballen út laden te hawwen op it trainingsfjild yn Easterein liet hy de spilers fan SDS 1 efkes sjen wat golfen ynhâldt. Hy sloech in golfbal fanôf de yngong fan it trainingsfjild in ein fuort. Neffens de ferhalen gie de bal yn elts gefal oan ’t Itens ta doe ’t sy de bal út ’t sicht ferlearen.

Talpa
Kommende tiisdei giet Talpa yn it Abe Lenstra stadion proefopnames meitsjen mei it each op takem seizoen. Sy wolle besykje om mei bepaalde kameraopstellingen fuotbalsitewaasjes oars yn byld te krijen.  Der sil spesjaal oefene wurde op korners en frije trapen. SDS is útnoege om mei te wurkjen oan dit barren. Sa sille der in stik as 10 spilers fan SDS korners en frije trapen nimme. Dit barren soe om 17.00 oere begjinne. John de Mol hat nei dat hy te hearen krige dat SDS kaam beslúten om wat earder te begjinnen. De SDS’ers wurde no om 16.00 yn it Abe Lenstra-stadion ferwachte. De kameras gean om 16.30 draaien.

Bowle
Justerjûn gienen de sealfuotballers fan SDS 1 te bowlen nei Snits. Anne en Willem lieten sjen aardich mei in bowlingbal oerwei te kinnen. Beide wûnen in ronde mei elk 161 punten. Peter waard de úteinlike winner mei 311 punten út 2 rondes. Tsjipke waard de ferliezer fan de jûn. It slagge him mar net om de kegels yn ien kear om te smiten. Nei it slúten fan de banen wie Tsjipke noch oan ’t goaien. Krekt foar de taksi kaam koe úteinlik dochs noch de flagge út.

SDS F2
Wij dus ik en mien freunen ien f2 foen dit seizoen sponend. It wie leuk om nei de wedstryt te penneltie sjitten dan hie iederien nog een kons om te skoren. En we hope nog om trede te wurden maar we bleuwe er ien leuwe sneon mute we nog tsin nok.
Habtamu de Hoop

Nochris boerengolf
Op de side fan Slachtehiem, de boerenkamping mei boerespultsjes steane no ek de foto’s fan SDS 4. Sjoch nei in laitsjende Trienus en in bleate Stoffel.

Foto ynlevere
Eddy de Boer hat de ôfrûne moannen goed syn bêst dien om alle foto’s binnen te krijen. No wurdt er ek noch grute dat hij sels folgende jier wer fuotbaljen giet. Mocht Eddy net mear in foto hawwe dan kinne wij him  helpe. Ien fan de âlde kaarten dy’t wij de kommende wiken presinteare.


Letter mear!