Wepperkes -snein-

Útslagen 25 maart 2006
25 maart 2006
Wepperkes -moandei-
26 maart 2006

SDS 1 – Dronten 1
SDS spile sneontemiddei yn feite in prima wedstryd mei in protte echte kansen. Spitich dat de terjochte foarsprong sa koart yn stân bleaun. Wij en Henk Bootsma makken wat foto’s dy kinne jim
hjir sjen.

SDS F5 – YVC F5
Klik op de foto om originele grootte te bekijken
De jonkjes fan F5 dy treffe it. Tagelyk fuotbalje mei SDS 1 Derom in protte publyk en fotograven. In oantal foto’s fan dizze wedstryd dy’t wûn waard troch SDS mei 4-0.

Fraachje
Wat is slimmer: Yn eigen doelpunt skore of in reade kaart krije. Bij de famylje Tiemersma oan de Hofkamp kinne se dêr best ris oer diskuseare ûnder leiding fan Elly en Martine.

Hielpen F1- SDS F3 

We moesten gister tegen Hielpen F1.

We hebben met 3-1 verloren.

De bal ging steeds in de sloot.

Er kwam een man met een stok.

Hij haalde de bal uit het water.

Ik kwam in actie ik haalde uit en ik scoorde de 2-1!

Piter van der Pol

Oosterend of Easterein
De supporters fan Dronten fielden harren tige ynnommen mei it feit dat se Easterein fûn hiene. Want bij har op de kaart stie noch Oosterend en dat je dan Easterein fine kinne is in wûnder. De measten hiene fansels TomTom bij de hân en sij hiene keazen foar de koartste route. Sij hiene genoaten fan al dy bochten. Dy’t gjin TomTom hie, gie oer Boalsert, want oars is it fansels net te finen.

Bearenboarch mei kola
Der wiene wat supporters út Dronten dy’t dizze reis nei Fryslân foaral ek brûke woene om de bearenboarch te priuwen. Sa bestelt ien fan de mannen 5 berenboarch kola’s en hij stie der op de noas bij om kommentaar te leverjen hoe’t je soks dwaan moasten. Sylvia Hania dy’t efter de bar stie, makke fluch in ein oan dat kommentaar: “Je hoeft een Fries echt niet te vertellen hoe een berenburg geschonken moet worden hoor”. wêrnei de man beskamsum syn mûle hold.

Ferlern

Wij hawwe begrutsjen mei de ienige echte Flijer fan SDS.

Gjin perioade
p2230016.jpg
Wy hawwe ek begrutsjen mei de ienige echte Cambuur-supporter fan SDS.

Burgum wij komme der oan!
De aksje om mei de bus nei Burgum te gean is tige slagge. Gatske Hiemstra gie efkes in slach troch de kantine en om it fjild en koe al gau oanjaan: de bus is fol. Der is allinne noch plak foar wat kninen en woartels.