Útslagen 25 maart 2006

Wepperkes -sneon-
25 maart 2006
Wepperkes -snein-
25 maart 2006

SDS 1 – Dronten 1     1-4
4 100 % kansen foar SDS. 1 100 % kâns foar Dronten. En dochs in útslach fan 1-4. SDS spile seker yn de earste 20 minuten in prima wedstryd mei geweldige kansen. De 1-0 fan Hendrik de Jong wie in matige ôfspegeling fan de krêftsferhâldingen fan dat momint. De 1-1 en de 1-2 foelen te gau en slemielich. Nei it skoft krige SDS ek noch wol goeie kânsen mar Dronten strafte elke flater ôf. Spitich fan dit ferlies, mar oan de oare kant jout it spul hoop foar takem wike.

SDS 2 – CVVO 2     5-1
Bij it skoft stie it 1-0 troch in doelpunt fan Ruurd Boorsma.  Nei it skoft waarden de kânsen goed benutte. Stefan van Krimpen en Willem Wijnia skoorden beide twa kear. 

Berlikum 2 – SDS 3     1-3
In fertsjinne oerwinning dy’t útbundich fierd is. Doelpunten wiene der fan Albert Jan Joustra, Harm Auke Dijkstra en Wichard Deinum.

Leeuwarder Zwaluwen 9 – SDS 4    4-1
SDS liet yn de earste 20 minuten goeie kânsen lizze en rûn dêrnei tsjin in efterstân oan. Nei 1-0 bij de tee waard it troch Ids Boersma noch 1-1, mar hiel matich ferdigenjen en in net al te ûnpartijdige skiedsrjochter bruts de ploech op. It waard 4-1. Ype T. krige read.

Tzum 2 – SDS 5
Mei SDS 5 giet it prima. Ek no wûnen se wer. No mei 0-3 troch in eigen doelpunt, in doelpunt fan Johannes Dotinga en ien fan Eeltsje Postma, de spiler fan A2 dy’t efkes meidie. De fleskes bier smakken dus goed nei de wedstryd yn Tsjom. En dat foar €1,-

Jv Bolsward A1 – SDS A1     1-3
Trije doelpunten wiene der fan de Fryske Braziliaan ………..(hoe hjit er ek al wer? Vitor?)

Dronryp E2 – SDS E2 0-8
SDS E2 giet gewoan troch mei winnen. No bûnen sy Dronryp E2 oan de zegekarre. It waard mar leafst 8-0, wylst de wedstryd foar it winterskoft noch yn 3-3 eindige wie. Doelpuntenmakkers: Joost Verheus 5x, Marco de Graaf 2x en Jelle-Jan Visser 1x.

 freed  WMC 3 -SDS 2 futsal (beker)

3-3
SDS ferliest
nei str.sk.

14:30 SDS 1 – asv Dronten 1  1-4
12:15 SDS 2 – CVVO 2  5-1
9:00 SDS B1 – CVVO B1  0-3
10:35 SDS C1 – Leeuwarder Zwaluwen C1  1-6
12:15 SDS C2 – GAVC C2  0-2
11:00 SDS D3 – Joure SC D6  7-2
9:00 SDS E3 – CSL E3  4-3
9:00 SDS E4 – Sparta’59 E2  2-4
10:00 SDS F2 – RES F2  6-1
10:00 SDS F4 – Arum F2  6-1
14:30 SDS F5 – IJVC F5  4-0
12:15 Berlikum SC 2 – SDS 3  1-3
15:00 Leeuwarder Zwaluwen 9 – SDS 4  4-1
13:00 Tzum 2 – SDS 5  0-3
14:30 JV Bolsward A1 – SDS A1  1-3
11:00 CSL A2 – SDS A2  net spile
12:30 Annaparochie St. D1 – SDS D1  0-2
11:00 Sparta’59 D1 – SDS D2  
10:00 Franeker SC E2 – SDS E1  3-0
9:00 Dronrijp E2 – SDS E2  0-8
9:30 RES F1 – SDS F1  
10:00 Hielpen F1 – SDS F3  3-1