Wepperkes -snein-

Útslagen 18-3-2006
18 maart 2006
Wepperkes -moandei-
20 maart 2006

Fluitsje
Bertus Bootsma en Egbert Bootsma binne beide lieder fan in jeugdploechje. It komt wol ris foar dat se tagelyk yn Easterein  fuotbalje moatte en sa steane der op de beide fjilden twa Bootsma’s te koachen.
Sneontemoarn kamen beide lieders om goed 10 oere nei de wedstrydlieding om te freegjen wêr’t harren skeids bleaun. Bij beide wiene de skeidsen net opkommen.
“Dan sels mar'” seit de iene Boot. “Dan sels mar”seit de oare Boot en sa koe it barre dat op dizze sneon de twillingbruorren Egbert en Bertus beide stiene te fluitsjen.
 
Klik op de foto om originele grootte te bekijkenKlik op de foto om originele grootte te bekijken

Opfallend
By SDS 1 stie yn de twadde helte fan de oefenwedstryd tsjin Wykels/Hallum in opfallende keeper op de goal. Remco Brouwer wie blesseard útfallen sadat nei de rêst in spiler op goal moast. Feite de Haan offere him mar op. Hy hat ommers ek wat erfaring mei it keepen. Earder dit seizoen stie hy yn de seal ûnder de latte by SDS 1.

Goeie saken?
De wedstryd SDS 2 – Genemuiden 3 gie juster net troch om ’t Genemuiden mar 3 spilers nei Easterein mei krije koe. Net sa raar want Genemuiden 3 hat oan ’t no ta út alles noch ferlern. It gefolch wie dat der dus net fuotballe waard en dat der by SDS 2 flink baalt waard. Dit mei om ’t Genemuiden pas om 10.00 oere ôfbelle.
It soe wêze kinne dat it úteinlik net gek foar it 2e útpakt. Mocht Genemuiden syn team werom lûke út de kompetysje dan binne de ploegen dy ’t punten pakt hawwe tsjin Genemuiden dy punten kwyt. SDS 2 hat noch net tsjin harren fuotballe dit seizoen dus dat soe net ûnguenstich útpakke. Sjoch hjirûnder mar ris nei de stân. Hielendal rjochts stiet hoefolle punten de oare klups dan kwyt binne.

# Elftal G W GL V P DPV DPT PM
1. d’ Olde Veste’54 2 14 10 3 1 33 46 19 -3 
2. The Knickerbockers 3 15 11 0 4 33 57 34 -3
3. Heerenveense Boys 2 15 9 3 3 30 47 16  
4. Urk 3 15 9 2 4 29 50 22 -6 
5. Noordscheschut 2 14 8 4 2 28 26 20 -3 
6. LTC 2 14 5 3 6 18 34 33 -3 
7. HZVV 2 15 5 3 7 18 27 40 -3 
8. CVVO 2 13 4 2 7 14 25 33 -6 
9. SDS 2 13 4 1 8 13 16 36  
10. Olympia’28 2 15 3 3 9 12 21 36 -3 
11. ACV 3 15 3 0 12 9 25 67 -3 
12. SC Genemuiden 3 14 3 0 11 6 21 39  
(Genemuiden hat dit seizoen alris 3 punten yn mindering krigen y.f.m. net opdaagjen komme)

SDS 3
SDS 3 hat juster mei 4-2 ferlern fan Blauw-Wit ’34. Moandei komt it ferslach fan Harm-Auke.
Foarige wike gie it stikken better. Juster krigen wy it ferslach fan Jentsje. Klik hjir om it te lêzen.

E2 al wer suksesfol
Ferline wike wûn de ploech fan Klaas Visser en Johan de Graaf mei dikke sifers. Ek sneon diene se it wer best.  Marco de Graaf 4, Joost Verheus (3) en Abdulla Habib (2) wiene de doelpuntenmakkers. Nijlân skoorde 2 kear.

Foto’s jeugdwedstriden
Ek dizze kear hawwe wij wer in searje foto’s makke fan wat E en F wedstriden. Jim kinne se
hjir sjen.

Ferslag  Jirnsum F1 –SDS F2  18 maart 2006

Wij ha mei us team  tsjin jirsum f1spile ien de eerste minuten toen kwaam we net op it doel ô

Mar krek der nei make ik een doel punt

En krek far de pause make ik nog ien , en ien de twade helft toen hie haast ieder ien een koans

Bote make ur nog twaa en Mathijs er ien en Watze en ik make er nog ien en Bote en Jacob wien oan it super kiepen

It wie een leuke wedstried de utslag wie 0-7
HABTAMU DE HOOP 7JIER

C1 ferliest krekt
Fannemoarn binne we op Skatzenburg west en ha der goed spile, mar dôchs ferlern mei 2-1 fan Foarút. 
Op de trainingen giet alles ‘super’, sa sizze spilers en trainers, mar we koenen dat yn de wedstriid net folslein bringe.
Dat hie ek wol te krijen mei in hurde fjild wêrtroch de bal somtiden alle kanten op gie en kontrôle muoilik wie.  
In freonlike ûntfangst en sportive wedstriid makken it ferlies in bytsje goed. In ferslach.

It earste aai is fûn!
It earste aai fan de maaitiid is fûn! Klaas Overal fûn juster by it snoeien fan wat strúken rûn de Skoalleseize 5 eine-aaien!! Betekent dit no dat de ljipaaisikers ek los kinne?