Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
18 maart 2006
SDS League: Dennis en Josje pakke de wykpriis!
21 maart 2006

SDS 3 ûnderút
SDS 3 ferlear sneon mei 4-2 by Blauw-Wit ’34. Hjirmei liket de kâns op it kampioenskip ferspile. Klik hjir foar it ferslach fan Harm-Auke Dijkstra oer û.o. Jappie Grandel, Dhr. Van Swieten, de sigarenboer, Auke Konterman, en noch folle mear.

De nije Treffer
Hawwe jim noch wat foar de nije Treffer dan wolle wy dit graach hawwe foar tongersdei. Mail it nei DeTreffer@vv-sds.nl!

Foto Ajax-boerd
Al jieren hinget der om it SDS-fjild in reklameboerd mei de tekst: Ajax-supporters steunen SDS. Doe dit boerd der kaam te hingjen is der in foto makke fan dit boerd mei de Ajax-supporters dy ’t dit mooglik makken. Wa wit wa ’t dizze foto hat? Mail it nei info@vv-sds.nl.

SDS League
De nije stân is hast klear. Moarn kinne jim him hjir besjen.

Wa moat mei?
Hoe tichterby it WK komt hoe mear fuotballers fine dat sy yn de seleksje heare fan it Nederlâns alvetal. As wy dit filmke sjogge dan moat dizze ex-Feyenoorder yn elts gefal al mei (klik hjir).

Thierry Henry
Henry fan Arsenal is in knappe fuotballer. Hy kin it sa no en dan al knap ferblomkje. Sjoch hjir mar ris.

Knyntsjedei
Op 15 oktober wie de Fryske dei yn Easterein. Op 1 april is it knyntsjedei yn Burgum. Jûns om 18.30 oere spilet BCV tsjin SDS.
Hawwe jim noch leuke ideeen, mail se nei ús.
Moarn of woansdei mear ynformaasje!