Útslagen 18-3-2006

Werom út Liverpool!
18 maart 2006
Wepperkes -snein-
18 maart 2006

SDS 1
SDS 1 ferlear de oefenwedstryd tsjin Wykels/Hallum mei 3-1. André Polet wie wer ris de grutte man by de read-gelen. Hy makke alle 3 doelpunten. Foar SDS 1 skoorde Feite de Haan út in penalty.

SDS 2
Sij hiene graach fuotballe wold tsjin Genemuiden, mar de tsjinstanner bellet ôf. Hopenlik dat de KNVB optreed tsjin sokke ploegen dy’t no al foar de twadde kear ôfbellet.

SDS 2 hat hjoed  al efkes oefene tsjin SDS A1. SDS 2 wûn dit mei 5-1 troch goals fan Bote, Stefan, Pieter en Willem(2x). Foar SDS A1 skoorde Paul.

SDS 3
SDS 3 hat mei 4-2 ferlern. Sy lykje nei dit ferlies ôf te heakjen foar it kampioenskip. Wichard makke beide doelpunten.

SDS 4
Friso Albada wie nei lang blessureleed werom yn de basis yn de wedstryd tsjin Roodgeel.. Hij spile de hiele wedstryd en skoorde sels it ienige doelpunt fan de wedstryd út in prachtige frije traap. Boekholt jr. wie de doelman

SDS 5 
It giet hieltyd better mei SDS 5. De trainingsoeren betelje harren út. Want Pieter Groenveld hold de nul en dat is noch net faak bard, Jacob Sjirk Joustra skoorde en Bas de Haan skoorde sels 2 kear. It lêste doelpunt nei oanjaan fan syn trainingsmaat Rinse Joustra. Einstân tsjin WWS 3 wie 3-0

De útslaggen

    útslach
9:00 SDS E1 – Balk E1  2-3
9:00 SDS E2 – Nijland E2  9-2
9:00 Foarut C1 – SDS C1  2-1
9:00 Warga D1 – SDS D2  
9:00 Workum D2 – SDS D3  4-3
9:00 Workum E3 – SDS E4  2-7
9:00 Irnsum F1 – SDS F2  0-7
9:30 DTD E2 – SDS E3  3-0
10:00 SDS F1 – Leeuwarder Zwaluwen F1  1-8
10:00 SDS F3 – CVVO F5  0-6
12:00 Balk B1 – SDS B1  1-1
12:00 Stiens F5 – SDS F4  3-0
12:15 SDS 2 – Genemuiden SC 3 tsjinstanner seit ôf
12:30 SDS A2 – SneekWitZwart A2  1-2
13:00 CSL F3 – SDS F5  5-0
14:30 SDS 4 – Rood Geel 3  1-0
14:30 SDS 5 – WWS 3  3-0
15:00 Blauw Wit ’34 3 – SDS 3  4-2??

 Letter mear.