Wepperkes snein 10-2

Utslaggen 9-2-2008
8 februari 2008
Wepperkes moandei 11-2
10 februari 2008

SDS League
Doch ek mei oan de SDS League!
Sjoch hjir foar de nije list.
Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 16 febrewaris om 19.00! Dat is oer 6 dagen al.
Mail jim nije teams nei SDSLeague@vv-sds.nl of lever je team yn by Roel Sybesma of Willem Wijnia.

Ype Tiemersma klaverjas kampioen
Der wiene troch it fuotbal en it moaie waar wat te min dielnimmers, mar dat docht neat ôf fan de winst fan Ype, de jongste fan de 6 priiswinners.
1. Ype Tiemersma 5243 punten
2. Annie Stegenga 5176
3. Oebele Anema 5165
4. Harm Bergsma 4968
5. Enne Bruinsma 4647
6. Baukje Bruinsma 4587

Pikant blêd
Opmerklik taferiel sneontemiddei. Klaas Overal rûn mei de nije Panorama om it fjild hinne en yn de kantine. No witte wij allegear wol dat soks foarhinne (miskien no ek noch wol) in blêd wie mei soms pikante foto’s en reportaazjes. Wij ferheugden ús der dan ek op dat Klaas ús wat moais sjen litte soe.


Wij stelden ús rijen fan trijen op. Wij koene hast net wachtsje. Wat hie Klaas foar ús yn petto?
In leuke reportaazje fan AVV Terschelling dy’t mei de boat giene om in wedstryd tsjin Blauwhuis te spyljen.
No en? Wat is dêr fan bysûnders oan?

Ja krekt: soan Samme en âld SDS-er stie op de foto!!!!

Derksen (1)
Ek freedtejûns sit Johan Derksen yn de studio bij de live wedstryd. Op de fraach wat de kânsen wiene fan Heerenveen tsjin PSV sei hij:
“Ik was deze week toevallig in het hart van Fryslân, in het dorpje Eesterein onder de rook van Wommels en ik was verbaasd over het optimisme wat daar is over Heerenveen. Voor hun is dit geen vraag. Heerenveen wint”.

Derksen (2)
Douwe Reitsma makke woansdeitejûn ek noch wat foto’s fan it optrden fan Derksen en
dy wol hij fansels noch graach efkes sjen litte.

Rokjes
SDS 5 tsjin WPB 4 wie wer in heftige striid. Foaral yn it begjin waard er mear “praten” ynstee fan fuotballe. 
“Se kinne rokjes oandwaan, want it binne krekt âlde wiven”, sa hearden wij oan de kant.

Jeroen
Doe ’t Ivo sneontemiddei syn spilers fan SDS 4 telde seach hy dat der ien tefolle wie. Hy hie 2 Jeroenen yn syn seleksje wêr ’t hy tocht mar ien fan te hawwen. Jeroen Luijten hie op ynternet sjoen dat hy by de seleksje siet. Ivo tocht dat hy Jeroen Wagenaar útnoege hie. It kaam úteinlik moai út, want sa koe Jeroen Luijten moai flagje. Ivo sil him nea wer ferjitte.

Filmke
It feanfan
filmke levere twa antwurden op. Anna-Marie Wijnia miende persfoarst Sjoerd van Beem te sjeen en Antsje Stenekes skriuwt ús:
Ik mien seker te witten dat de stim by it filmke (feanfan) fan myn oesa leave, somtiiden wat lûdruchtige broerke Jan Stenekes is.
Groetnis,
Jan syn lytse suske, Antje

Kraak
Skiedsrochter Kraak joech SDS in strafskop yn de wedstryd tsjin Bolswardia. Wat protesten fan Boalserters wêrûnder fan de doelman. Kraak joech lykwols oan: “Wat hasto der no fan sjoen, gean keepen jong!”