Utslaggen 9-2-2008

Seleksjes sneon 9-2
8 februari 2008
Wepperkes snein 10-2
8 februari 2008

In alsidich programma hjoed. SDS 1 en 2 spylje de slach tsjin Boalsert en SDS 4 en SDS 5 stride yn de kompetysje foar de oanslúting bij de top.
De C’s komme ek yn aksje en ek de froulju meie wer los yn Harns.
Hawwe jim wat te melden oer dizze wedstriden dan sjogge wij graach in mailtsje temjitte op
ús adressen.

    útslach
14.30 SDS 1 – Bolswardia 1 (oefen)  2-1
12.00 SDS 2 – Bolswardia 2 (oefen)  2-0
14:30 SDS 4 (zat) – TOP’63 3  2-1
12:30 SDS 5  – Waterpoort Boys 4  1-0
11:30 SDS C2 – Annaparochie St. C3  6-2
10:45 Wardy C1 – SDS C1(beker)  3-1
13:00 Harlingen DAJ (zat) – SDS DAJ  6-0
15.30 Klaverjassen  

Ferslagen:

SDS 1 – Bolswardia 1      2-1
Prachtich waar en in leuke iepen wedstryd. SDS kaam op 1-0 foar troch in doelpunt fan Jelmer Posthumus. Krekt foar de tee kaam Bolswarida op 1-1 troch in prima frije traap. Nei de tee hie SDS it better fan it spul en sette betiden flink druk. It doelpunt foel lykwols út it stilsteande sitewaasje: Hendrik de Jong mocht oanlizee fanôf de 11 meter, neidat hij fêsthâlden waard. Skelte Anema foel belsseard út mei in fingerblessure.

SDS 2- Bolswardia 2
In nuttige oefenwedstryd mei twa doelpunten fan SDS. Makke troch…….

SDS 4 – Top 3           2-1
De basis foar dizze oerwinning lei bij Ivo Donath. Hij beslette tongersdeitejûn syn freonen Ronny en Jeroen Wagenaar te beljen om de iepen plakjes yn te fullen. En lit no krekt dizze twa mannen skoare. Ronny de earste en Jeroen de twadde. En dy wie skitterend.

SDS 5- WPB 4       1-0
It bleau spannend yn dizze twastriid tusken doarp en stêd. Mar it prachtige doelpunt fan  Sipke Hiemstra bleau it winnende doelpunt. Skiedsrjochter Sjoerd koe mei muoite it read yn de bûse hâlde.

Harlingen DA2 – SDS Da1    6-0
Wij geane der meastal fanút dat de froulju net winne. En derom freegje wij meast: “Binne jim tefreden”.
It antwurd fan in oantal famkes wie: “Ja, mar it hiene twa doelpunten minder wêze moatten”.

SDS C2 – Sint Annaparochie C3
Easterein, SDS C2 hie hjoed in inhelwedstriid tsjin St. Anne op it program. It sin en it waar poerbêst.Fanôf de start fan de wedstriid hine wy de druk der op. Al snel waard it 1-0 troch Christian mei in assist fan Tjeerd (gastspiler C1). Ek de 2-0 waard foar de rest makke troch Tjeerd de Vries. Wy spilen stikken better as St. Anne en in de twadde helte sette wy troch. Christian scoorde 3-0 en 4-0. Troch min ferdigjen waard it 4-1. Gelyk makke Tjeerd troch in grutte solo aksje 5-1. St. Anne fjochte werom en makke 5-2. Richard sette de einstand op 6-2. Dik fertsjinne en nije wike tsjin SnitsWitSwart dan mar wer efkes sjen.
Jaap