Wepperkes -moandei –

Ferslach en foto’s fan SDS-Blauw-Wit ’34.
7 augustus 2005
Trainingswepperkes
9 augustus 2005

SDS-ers aktyf yn Wommels
Kommende woansdei is de Freulepartij yn Wommels. Op de list steane dizze kear 9 SDS-ers.
Feiko Broersma sil de eare fan Easterlittens mei syn bruorke Grietzen en Knilles van der Brug ferdigenje.
Peter Stuiver en Tim Houtsma keatse foar Itens. Mei Johannes Heeg moatte sij it opnimme tsjin ien fan de favoriten Holwert.
De partoeren fan Easterein en Wommels besteane folslein út trije SDS-ers. Jelte Pieter en Bauke Dijkstra keatse mei Sytse Kooistra foar Easterein en Jelmer Posthumus, Redmer Strikwerda en Douwe de Boer sille besykje de priis yn Wommels te holden.

De Treffer
Dizze wike wurdt de lêste hân lein oan de Treffer. Tongersdei moat it lêste binnen wêze. De lêste nammen fan lieders en skiedsrjochters wurde dizze wike noch ynfold. Mooglik dat er ek noch wat nije F4 leden bij komme, want oant no ta steane der noch net safolle op de list.

De SDS-League
Ek yn de kommende Treffer sil ynformaasje stean oer de league. Fansels stride wy meielkoar wer om de jildprizen.

Oprop
Wy, dat binne Willem en Aant, roppe lieders op om ús ynformaasje te jaan oer oefenwedstriden, bekerwedstriden en oare saken.  Sa binne wij wol benijd hoe’t it sneon mei de oefendei fan SDS 1 komt en wolle wy graach witte wa’t de tsjinstanner is.

Yn Easterein!
De B-seleksje (en ek SDS 3) traint tiisdeitejûn foar it earst wer. Foar alle dúdlikheid wurdt der wer gewoan yn Easterein traint op it nije trainingsfjild.

Geruggies
Wa’t it skûtsjesilen folget foar de tillefysje, wit dat Jelle Reijenga sljocht is op geruggies. Wij binne dat ek. Dus hawwe jim wat heard, wat mooglik wier wêze kin, jouw it ús troch. Wy meitsje der in geruggie fan.
info@vv-sds.nl