Ferslach en foto’s fan SDS-Blauw-Wit ’34.

Wepperkes -sneon-
6 augustus 2005
Wepperkes -moandei –
8 augustus 2005

Wedstriid Blauw-Wit – SDS in feest fan herkenning.

Op in sneon wêr ’t yn Easterein net fuotballe wurde mocht (de keatsers mochten it haadfjild brûke), waard de wedstriid tsjin Blauw-Wit omdraait en dus waard der yn Ljouwert balle op in fjild sûnder linen.

De earste helte wie goed fan SDS. Se kamen dan ek mei twa goals foar. De 1e goal waard makke troch Gert-Jan nei de efterhoede fan blau wyt hielendal út spile waard troch SDS. De twadde goal wie in prachtich lobke oer de keeper fan Blauw-Wit troch Skelte nei in fout fan de Ljouwerters. Blau-wit harren linksfoar mocht noch al skoarre foar de rêst.
Nei de tee wie it oan SDS kant wat minder. Der wie mar ien wisselspiler, en dat wie dúdlik te min. Robert, Remco van Dijk, Jeroen, Jacob-Klaas en Harm dienen net mei om ferskate redenen. Harm hat in ferfelende blessure en sil wol langer ûntbrekke, betterskip tawinske. Nei de tee stûn Marten op de goal en siet Remco yn de dukout. It ferskil lei him net oan de keeper mar siet bij de spilers. Der waard net goed oanspiele en te faak waard de man socht die it tichstebij stûn.  Blauw-Wit kaam dan ek terjochte lânsside in kertier foar it einde waard Floris nei de kant helle en kaam Skelte op in foar him frjemd plak te spyljen. Blauw-Wit wie yn it lêst fan de twadde helte better dan SDS en skoorde noch twa kear nei fouten fan SDS-kant. Blauw-Wit harren oanwinst  Max Houttuin(kommen fan Avanti(seal) makke de 4-2 einstân.

EJB



SDS 1 docht de warming-up.

Dy pionnen dat is de sydline.

As je no op de PC binne of tsjin Blauw-Wit ’34 fuotballe moate, Kees Jansen is fan de partij.

Âlde bekenden.

Henk Postma mocht it probearje op de links-achter.

De loft waard sa no en dan al wat donker.

Âld-SC Heerenveen en Cambuurspiler Max Houttuin(nr.6) spilet ek wer by syn earste leafde.
 
Der wie noch aardich wat publyk.

P.s. Mei tank oan Enne.