Trainingswepperkes

Wepperkes -moandei –
8 augustus 2005
Freulewepperkes
10 augustus 2005

Trainingsopkomst
SDS 2 hat fannejûn foar it earst traind. De opkomst wie net gek mei sa ’n 15 minsken. SDS 1 trainde nêst SDS 1 mei 12 man wêrfan der ek noch 2(Floris en Ruerd) útfoelen. Ruerd liket lang útskeakele te wêzen mei in ankelblessure. De opkomst by SDS 3 wie redelijk mei sa ’n 8 man.

Trainingstiden
SDS 2 traint foar de rest fan it seizoen op sawol tiisdei as tongersdei om 20.15 oere. Dit nei oerlis mei de Jumbo?

Trainingsmethoden
Der is in soad mei de bal traint fannejûn. Lokkich genôch is der net folle traint op koppen(klik
hjir).

Trainingsdei
SDS 1 soe kommende sneon in trainingsdei hawwe. Jammer genôch binne der mar 6 spilers fan SDS 1 dy ’t sneon meidwaan kinne. Dizze trainingsdei giet dan ek net troch.

Trainingsdei yn Eindhoven
Der binne net folle PSV-supporters ûnder de SDS’ers. By SDS 1,2 en 3 sitte der mar 4(Jan-Simon, Gert-Jan, Hampie en Jappie). Om ’t sy fannejûn traine moasten koenen sy net nei de iepen dei fan PSV. 2 Eastereinders dy ’t net hoefden te trainen wienen al nei Eindhoven.

It fjild leit der krekt sa moai by as it nije trainingsfjild yn Easterein.

De Reitsma’s hawwe fêst in moaie dei hân.

Trainingsdei yn Valkenburg
In soad spilers fan SDS 1 en 2 hawwe sneon in trainingsdei yn Valkenburg. Û.o. Robert S., Anne, Jan-Simon, Dirk-Yde, Jeroen, Feite, Marco Hoekstra, Tsjipke, Marten, Durk Okkema, Abe-Jan Stegenga, Stefan van Krimpen, Hampie, Pieter Sijbesma, Dirk de Jong, Peter Sijbesma en Dennis sille sneon de Cauberg beklimme mei de fyts. Der dogge sa ’n 21 fytsers mei. Wy sille sjen wa ’t earste wurd. Wy binne dan ek benijd wa ’t noch mear meidogge. Mail it nei
info@vv-sds.nl!

Dat wurd noch in hiele toer!!

Trainingswedstriid
SDS 2 sil sneon oefenje tsjin Nijlân 2. Dizze wedstriid sil om 14.30 oere plakfine yn Nijlân. Om ’t der safolle SDS’ers op de Couberg sitte sil SDS 2 in miks wurde fan SDS 1 en 2.

Net traine
De “feteranen” fan SDS 4 en 5 hoege noch net te trainen. Sy koene tiisdeitejûn dan ek nei it optreden fan hear Olie B.Bommel yn Wommels. Piter de Groot lies foar út in Frysk stripboek fan dizze stripheld. Der kamen seker 100 minsken op ôf.

Op in grut skerm waarden de bylden der ek noch bytoand. Dat wie betiden ek nedich want it wie tige dreech Frysk.