Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
23 april 2007
SDS League: Henk Postma pakt wykpriis en kopposysje!
24 april 2007

SDS 5 ferliest jammerdearlik
Nei in dei hurdwurkjen falt it net mei om de knop om te setten nei fuotbal. En seker at er yn it begjin fan de wedstryd fan dy jonge hazzewynhûnen om je hinne drave. Nei 15 minuten wie it al 2-0 foar Top 3. Mar SDS 5 kaam goed werom. Earst Roel en dêrnei Ype troch in geweldich blok fan Eddy en in kollegiaal paske fan Harm Auke.
Helaas waard it yn de twadde helte 3-2 troch in omstriden doelpunt. Stoffel en Tjeerd waarden troch ien man oan de kant set en dat koe neffens ús net reglementair. It goeie oerlis wat Ype T. noch efkes hie mei de skiedzin dy’t it fierder prima die, levere neat op. 3-2 waard de einstân.

Harm net te trainen
Harm Stremler lit hjirby witte dat hy jûn net op trainen komt. Hy hat lêst fan ‘e poat.

SDS 3 giet foar lêste kâns
SDS 3 striid jûn foar harren lêste kâns op it kampioenskip. Sy moatte út by Oeverzwaluwen winne om yn de race te bliuwen. Ôfrûne sneon gie it mis tsjin IJVC. Sjoerd fertelt hoe dit sa koe(klik
hjir).

SDS 6 jout fuotballes?
Lieder Bas de Haan fan SDS 6 hat aardich de wyn derûnder. Ôfrûne sneon waard sels mei 8-1 wûn fan SC Joure 6. Wy binne benijd as sy dit hege nivo fêsthâlde kinne. Jûn spylje sy om 19.00 thús tsjin Delfstrahuizen 4.

Nei de Kuip
Yn de kommende Treffer kinne jim in wiidweidich ferslach lêze fan it Kuipavontoer fan hast 35 SDS-ers. De foto’s kinne jim
hjir alfêst sjen.

Fan de skeids
Wy binne benijd wat der yn de folgende Treffer “Fan de skeids” komt. Mocht Douwe-Dirk noch gjin ûnderwerp hawe dan witte wy wol wat(klik
hjir).

SDS League
Jûn hooplik de nije stân fan de SDS League…
 

13.48
Wylst SDS 5 oan it fuotbaljen wie tsjin Tsjom 3 (en ferlear), wie Folkert Rients Vellinga thús bij frou Elbrich om de befalling fan harren tredde soan mei te meitsjen. Wij krigen in kaartsje.