Wepperkes -moandei-

It wurket wer!!
4 april 2005
Seleksjes SDS 1 en ONT 1.
5 april 2005

SDS C1 wint
Dit kear net in ferslach fan Klaas Pompstra mar fan Johan Postma. Hy skriuwt oer de wedstriid fan SDS C1 út tsjin LSC. Klik
hjir foar syn krease ferslach.

Jacob Smink skoort 10x!!
SDS F5 wûn sneon foar it earst in wedstriid. Thús pakten sy WZS mei 10-4 yn. OPfallend wie it dat Jacob Smink alle 10(!!) doelpunten foar SDS F5 makke. Wy seagen dan ek in trotse mem oan ‘e kant sitten.

Mem sil sneins wol lêst fan ‘e earms hân hawwe…….

Bas de Haan 3 doelpunten yn Toppenhuzen
Mei 3 doelpunten foar SDS 5 die Bas de Haan sneon goeie saken op de topskoorderslist. Hy is no op 12 doelpunten útkommen. Dat is likefolle as Ype Tiemersma, dy’t sneon ek skoorde. Tegearre sille sy in oanfal dwaan op Gearard Posthumus. Ype en Bas sille der no beide foar soargje dat se sneons net mear hoege te wurkjen.
Rinse Joustra skoorde ek en dat wie syn earste doelpunt dit seizoen.

SDS 1 en SDS 3 thús!
Tiisdeitejûn spylje sawol SDS 1 as SDS 3 thús. SDS 1 spilet it lêste oere tsjin ONT. De wedstriid begjint om 19.00 oere. SDS 3 probearet it (foar de safolste kear) tsjin ONS 3. Hooplik hawwe de Snitsers no wol genôch minsken. De wedstriid begjint om 18.15 oere.

Opstellingen SDS 1 en ONT 1
Yn ‘e rin fan tiisdei kinne jimme hjir op de webside de opstellingen fan SDS 1 en ONT 1 foar moarntejûn fine.

Moai waar by SDS-Blauw-Wit ’34
It wie sneon moai waar, sjoch de foto’s mar.

Ek Klaas Dijkstra koe sneon wer ris geniete fan it moaie waar yn Easterein.

Floris liket it der net mei iens dat der ien fan Blauw-Wyt(soenen sy yn it read-wyt fuotbalje y.f.m. de waarmte?) leit te sinnebaren……..

Ek de trainer fan folgend seizoen, Marcel Frankena, koe genietsje fan de sinne(rjochts fan ‘e bank).

Ek de skiedsrjochter hie lêst fan dit toarstiche waar.

De Skoalleseize is drok oan ‘e gong
Ôfrûne sneon binne der hiel wat beamen omseage om it fuotbalfjild hinne. Moarn kinne jimme hjir de foto’s besjen. Je kinne moarntejûn fansels ek efkes by it fuotbaljen sjen dan kinne je it ek bewonderje..

Tûkelteam 5……………
Al 3 dagen wachtsje jimme op tûkelteam 5 fan freed 1 april. It is hiel apart mar troch problemen mei fan alles en noch wat sille jimme noch efkes geduld hawwe moatte. Hooplik kinne jimme dizze nuvere tûkelteam hjir ein dizze wike besjen.

1 april

Undanks ús tûkelteammen mei de webside op 1 april, wêrtroch wy ús grap der wat let op sette koene, binne wy dochs wol te freden dat er in oantal leden yntrapen.

Der wie gjin plan foar in kleuren Treffer, der wiene gjin problemen by Hanzedruk, nee, it wie in 1 april grap.

De folgende reaksjes krigen wy binnen en sy binne der dus ynstonken:

Hallo webmasters,

 hierbij ding ik mee naar de felbegeerde en in kleur gedrukte Treffer!!

Een gekleurde groet uit de Knipe

Anco

 

bij deze een bestelling

1 faor mijzelf en 49 foar de sponsors
Enne Bruinsma

Earst de redaksje en ald redaksjeleden? Ik soe graach ien hawwe..

groet,

Klaas Pompstra

Hoi,

Ik wol wol graach in Treffer yn kleur.

Hy stiet fansels op namme fan Pieter, mar dy wol ek wol kleur. Twa miggen yn ien klap.

Gr. Immie

 

wij wolle wol san mooi exemplaar mei kleur.

ik bin benijd.

groetenis fam, de jong, streek 10

hey,
wij wouden graag nog een treffer in kleur als dat zou kunnen?
gr. de familie Dijkstra
de singel 21

Ik soe graach een gekleurde treffer wolle, alvast bedankt.
Feiko Broersma

 

Redactie,

Graag een treffer in kleur.
Gr Douwe Reitsma