Wepperkes -moandei-

NewCastle-wepperkes
26 februari 2005
Wepperkes -tiisdei-
1 maart 2005

Fjild yn Wommels fernield
Earst wiene der grutte spoaren op it fild yn Easterein, no binne der ek spoaren op it fjild yn Wommels. Moandei temiddei seach it der sa út.
 


Der is wol in grut ferskil: de dieder is bekind: Fugro.

Rienk Wiersma hat al efkes fernommen op it gemeentehûs wat er oan de hân is: boaiumûndersyk.

Minne dei foar wepmasters
Dizze side hat meastentiids it nijs wol aardich op tiid. Wy binne fansels wol ôfhinkelik fan ús ynformanten. En tja oars moatte wy it nijs mar by oaren wei helje. Sa liezen wy hjoed op de side fan DWP dat sy in oefenwedstryd wûn hiene fan SDS. Tja sok nijs soene wy ek net al te gau trochjaan.

2 maart
De waarberjochten foar dizze wike binne sadanich dat wy wer freze moatte mar in frije sneon. Om dochs wat gefoel mei it fuotbal te hâlden is it in goeie saak om woansdeitejûn efkes nei de sporthal te gean. Fanôf 21.00 futsal SDS 1 en dêrnei SDS 2.

Foto fan frouljusploech
Nei Jetske Bakker-Reitsma krigen wy noch in reaksje binnen op ús foto. Nannie Haitsma foarhinne Okkema út Wytmarsum mailde ús:
van links naar rechts
jan de jong tineke boersma baukje de jong janke alie ?jeltje van wyngarden winnie en wiebe de boer ? jetske van beem attie zylstra jannie de keeper ? yvonne visser anky de boer en thea sixma

een paar weet ik niet echt meer ik ken ze van gezicht maar weet de naam niet meer.
leuke foto
groetjes Nannie Haitsma

Jim kinne dizze foto (ek in protte oaren) mei alle nammen fine by de rubryk historie

It rint nei peaske
It is hast maart. En foar je witte is it peaske. In peaske betsjut aaipop. Dizze kear op sneon en moandei. Sneon foar de harkers en moandeis foar de rest. Kaartferkeap is begûn. Sjoch op
www.aaipop.nl.