NewCastle-wepperkes

Wepperkes -sneon-
26 februari 2005
Wepperkes -moandei-
28 februari 2005

It ferslach
Sa’t jim witte hawwe wy in nije rubryk. SDS-ers dy’t harren belibbenissen op papier sette nei in wedstriid yn it bûtenlân. Aant makke
in ferslach mei wat foto’s .
 
Sjurtsje
De leafhawwers fan sjurtsjes mei nammen efterop kamen op de boat nei Newcastle wol oan harren trekken. Gearard de Nooyer, Dennis de Nooyer, Hansma, Alback, se wiene der allegear. Spitich dat er gjin SDS-ers ynrûnen. Foar ien namme hawwe wy in útsûndering makke: Camataru. De drager fan it sjurt woe graach efkes poseare foar ús kamera. It die mar bliken dat de wrâld hiel lyts wie, want it wie in neef fan Stoffel Bouma. Dus dochs noch in bytsje in SDS-er.
Ate Vellinga 5 wedstriiden
Ate Vellinga, dy’t yn eardere tiiden as meedogenloze back furore makke op ‘e fryske fuotbalfjilden, hat it wer ris oan de stok mei de tuchtkommisje.
Ate dielde oan’t twa kear ta in fenienige por út yn de ribben fan syn buorman, dy’t nachts yn de bus fan Newcastle nei Harwich hast it hiele Rysterbosk omseage.
In spesjaal foar dizze gelegenheid by elkoar roppen tuchtkommisje (Anne Brouwer en Jan Oosterhaven) wie dúdlik. Fjouwer wedstriiden stiet der op in earmtakke. Anne Brouwer kaam mei in skikkingsfoarstel fan fiif wedstriiden. Ate oerweaget hjir tsjin yn berop te gean.
 
Te keap
Meinte Weszeelius wennet al jierren oan de Boalserter feart. In lyts motorboatsje makke diel út fan syn besit. Koartlyn hat hy besletten om dochs in wat gruttere boat oan te skaffen om sa ek wat fierder farren te kinnen as de Krommesyl en de Warntille. Hy soe wol ris in echte wetterrôt mei seebonken wurde kinne.
Oer syn erfaringen op de boat fan Ymuiden nei Newcastle sille wy gjin ferhaal dwaan. It hearlike diner en in Ingelske moarnsiten wie net oan him en soan Sybren bestege. Sneontemiddei hat er syn konkluuzje lutsen: ik kom nea wer op it wetter. de boat leit te keap.
 
Dizze namme seit genôch
Anne Brouwer wie mei syn sweager Jan Oosterhaven út Frjentsjer ek nei NewCastle. Altiten aardich sa meielkoar op stap. Wol wat dom fan Anne om krekt mei Jan de reis oan te gean, want at je namme Oosterhaven is dan wit je dat er gjin seebonken hat. Anne moast no oare freonen sykje om efkes in kaartsje te lizzen.
 
Jimbar faker iepen?
Ate, Meinte, Jan en Anne yn in “hooligan café”.
Nei dat sy der in kertierke sieten, siet it fol mei allegear âlde froulju. High tea neamden se dat. Mar se sieten der wol oan in grut glês bier (oan’t de râne fol).
Anne sei dat der hjir wol handel yn sjocht. Ynkoarten wol hy dat op moandei, tiisdei en woansdei besykje.
Ate wurdt syn setbaas. Ate syket noch wol in kassière en in toiletjuffer.