Wepperkes -moandei –

Wepperkes -snein-
13 februari 2005
Wepperkes -tiisdei-
14 februari 2005

Fenfan
Hjoed foto’s fan Doede-Rients Okkema yn ús rubryk “Fenfan”. Sjoch by SDS-supporters foar mear foto’s fan him. Dit sjurt is fansels syn favoryt(as dy fan syn heit?).


Út Âldegea!
Sneon 26 febrewaris wurdt de wedstriid tusken SDS 1 en ONT 1 útspile. Der sil noch ûngefear 1 oere op ‘e klok stean. De wedstriid begjint om 14.30 oere. De wedstriid wurdt lykas de forige kear lieden troch in skiedsrjochter út Âldegea(W). No is it de beurt oan dhr. Kraak om te fluitsjen.

Nije webside
De nije webside fan ONT Opeinde is yn ‘e loft. Jimme kinne him besjen op www.vvont.nl
.

Jeugdyndieling (1)

Nei in lange winterstop sil begjin maart de kompetysje foar jeugdteam útein.

De KNVB hat ûnderwilens tiid genôch hân om al dy teams op nij yn te dielen. Wiene der foar de winterstop noch poules mei 12 ploegen no geane se allegear wer fierder mei poultsjes fan 6. Nije kânsen foar elkenien en no giet it wol om it kampioenskip.

 

Jeugdyndieling (2)

Twa saken falle yn alle gefallen op at wy sjogge nei de pupillen fan SDS. Der komt foar it earst in F5 op it fjild. Der binne wer aardich wat nije jonge fuotballers bykommen. De fjilden binne moarns oars aardich beset dat wy binne benijd wannear se fuotbalje moatte.

Ek opfallend en leuk is de yndieling fan E4. Klaas Visser en Johan de Graaf moatte mei harren team nei Geel Wit. En dy fuotbalje op Amelân. At dat net in belibbenis is , in hiele dei reizgje foar twa kear 25 minuten fuotbaljen dan witte wy it ek net mear.

 

Treffer
Dizze wike wurdt de Treffer klear makke.  Hawwe jim noch wat nijs of is der wat jim diele wolle mei alle Treffer lêzers dan ûntfange wy dat graach op info@vv-sds.nl

 

Brutsen earm
Remco Hylkema (E4) rint al hast twa wiken mei de earm yn de doek. De earm brutsen by it … fuotbaljen. Hy soe in bal keare en krige dy wol hiel ûngelokkich op syn earm. De kommende 4 wiken sil it gips der noch wol ombliuwe. Sterkte Remco.