Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
12 februari 2005
Wepperkes -moandei –
13 februari 2005

Futsalfilmke
No ’t it wat minder giet mei de sealfuotballers fan SDS 1 hawwe sy ien oansteld om sa no en dan wat filmbielden op te nimmen. Sa kinne sy dit letter mei syn allen besjen en hjir kommintaar op jaan. Wy as ynternetredaksje hawwe beslag lizze kinnen op in lyts part fan dit film-materiaal. Dit fragmint is opnommen tidens de wedstriid fan ôfrûne woansdei tsjin Foarút. Wy wolle graach jim kommintaar. Mail it nei
info@vv-sds.nl. Klik hjir foar it filmke(it is sa ’n 4 Mb).

Persbericht
Justerjûn krigen wy dit bericht binnen:
Persbericht
SDS-leden richte in band op.
De band, Josototo nommen, is bijelkoar kommen yn centre-parcs, alwer sy in wiekein lang oan it oefenjen west binne. Dizze foto is der ek makke, jim kinne sjen dat de jongens fol oergafe oan it spyljen binne. Nei ferlûd binne de jongens no al goed op elkander ynspiele en sille de eerst optredens net lang meer utblieuwe. Ze binne ûndertusken drok dwaande mei hun platenmaatskappij om de eerste cd út te bringen.

In ekslusieve foto fan Josototo!

Fenfan

De searje foto’s fan sjurtsjes fan bekinde fuotballers is dit wykein aardich útwreide. Sicco Scheltema liet syn kolleksje spitsen sjen. En net de minsten: Barros, Henry, Larsson, Litmanen, Hasselbank binne in oantal favoriten fan him. En fansels moast er ek efkes mei syn nije Manchester sjurt op de foto.
By SDS supporters sjogge jim de hiele searje oan no ta. Dat binne der al 18. Tip ús oft jim noch mear witte of stjoer ús foto’s. info@vv-sds.nl

SDS-artikelen
It koe fansels net útbliuwe. Yn Easterein wêr’t darten de twadde sport is nei it fuotbaljen en noch foar it keatsen, kinne je echte SDS- pylken nei it boerd smite. It ferhaal giet dat se tige doeltreffend binne. Te krijen by Jansen Sport yn Snits