Evenementen in november 2022

Wepperkes -moandei –
13 februari 2005
De "freonen" fan SDS.
15 februari 2005

Fenfan
Wy hawwe wer 5 sjurts derby yn de rige “Fenfan”. Dit kear komme de sjurts fan Dirk de Jong. Heit Jan de Jong soe yn it sjurt fan Nedved, mar neffens Dirk paste dit net. Ûnder SDS-supporters kinne jimme de foto’s fine.

Neffens Geeske hie it maklik past.

Darte
No ’t eltsenien om SDS-dartpylkjes nei Jansen-Sport flucht, moatte dy pylkjes fansels ek útprobeare wurde. Dartclub “DE SPEARDERS” fan Easterein hawwe no sa ’n 50 leden mar  jouwe oan dat sy noch wol wat leden brûke kinne. Eltse freedtejûn
wurdt der yn “DE TSJERNE” darten. Fan 19.00 – 21.00 foar de jeugd fan 10 t/m 13 jaar en dêrnei de groep fan 14 t/m 18 jaar. Oan it ein fan ‘e jûn spylje fanôf 21.30 oere de minsken fan boppe de 18 jier. Sjoch ek ris op www.spearders.tk.

Onehundredandeightyyyyyyyyyy!!!!!!!!!

Steanfak
Nei mear as 10 jier is it dan folgend seizoen eindliks wer mooglik om by SC Heerenveen it fuotbaljen steande te folgjen. It Abe-Lenstra-stadion kriget dus wer in steanfak foar de thússupporters. Wa as folgend seizoen ek graach yn it nije steanfak wol by SC Hearrefean kin him oanmelde op  http://www.nieuwnoord.org

Net oanspraaklik(1)
Wy wolle mei klam oanjaan dat wy net ferantwurdelik steld wurde kinne foar kosten dy’t muoit binnen by de oanskaf fan de sjurts fan oare klups.  Sa fernamen wy sneon al dat Sicco Scheltema yn it lêstoan noch in sjurt fan Manchester United krige foar in flinke priis fansels.
Snein kaam Skelte Anema werom út Tsjechie en it is no dúdlik wat de reden wie foar dizze reis. Hy kaam werom mei in Manchester United sjurt. Kocht! foar 6 euro!!! Dus ynkoarten Skelte op de foto mei in orisjineel Manchester United sjurt út Tsjechie.

Net oanspraaklik(2)
Hjir stelle wy ús hielendal net oanspraaklik foar!!!(klik hjir)

Sportspotsjes
De Ljouwerter Krante hat sa’t it skynt noch in oantal âlde Treffers lizzen.  Hjoed (at je dit moandei lêze) of juster (at je dit tiisdei lêze) stiene der wer twa yn oer SDS. At de krante ûnderwilens al by de buorlju leit, of noch slimmer, jim lêze de LC net, dan kinne jim noch lêze by de rubryk de Treffer ûnder Sportspotsjes.