Wepperkes -moandei-

Programma SDS dizze wike
17 mei 2004
De Freonen fan SDS
17 mei 2004

Webside KF Easterein
Op de nije webside fan KF Easterein kinne jimme alles lêze oer SDS-leden dy ’t keatse foar Easterein. It is de muoite wurdich om ris efkes te sjen. Sy binne noch mar krekt yn ‘e loft. (http://www.kfeasterein.nl/)

Wedstriidferslagen
SDS E1 is forige wike kampioen wurden. Hoe ’t sy de lêste 3 wedstriden fuotballe hawwe kinne jimme lêze by Junioren, SDS E1, Wedstrijdverslagen.

Gjin derby
It 1e sealteam fan SDS komt folgend jier út yn ‘e earste klasse. It soe moai wêze as sy dan ek ris in derby hiene. Tsjin CAB bygelyks. CAB stie ek op it punt om te promofearjen nei de earste klasse. Dit soenen dan yn elts gefal 2 leuke wedstriden opleverje. Jammer genôch hat CAB de beslissingswedstriid om it 1e plak mei 10-1 ferlern fan Futsal Marum. Ynmiddels is CAB ek al útskeakele yn ‘e neikompetysje. Sy spilen twa kear lyk tsjin Birdaard en ferlearen úteindliks nei strafskoppen. Yn ‘e neikompetysje giet it no tusken WZS, Birdaard en ……

Beckham
Hjir noch in leuk reclamefilmke. Klik
hjir.

Harm Flapper

Harm Flapper fan E2 koe dit wykein net fuotbalje. Harm sit mei de foet yn it gips. Wy hoopje dat hy gau wer fuotbalje kin. Sa as jimme sjen kinne wit hy him yn elts gefal fersekere fan in steuntsje yn ‘e rêch troch Ajax-supporters.

In dreech wykein
“It wie erg gesellig, mar ik bin no wol erg min”. Dat sei der toen hij thus kaam. Dêr sille fêst wol mear minsken fan it 5e lest fan hân hawwe. Je wurde wat âlder.

Mar gau bysliepe, want it ein fan dizze wike wurdt ek wer dreech.

Info@vv-sds.nl
Hawwe jimme noch wat foar de webside, mail it ús.