Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
8 september 2007
De Skoalleseize is moai op streek!
11 september 2007

SDS 4 wint
Ôfrûne sneon wûnen alle senioareteams fan SDS, dus ek SDS 4. Sy dienen dat mei oertsjûgende sifers. Mei 8-1 waard der wûn fan Tzummarum. Klik hjir foar it ferslach fan Bas de Haan.

SDS League
De earste teams fan de SDS League hawwe wy binnen. Twa teams út Ljouwert(?), ien fan de Terp, twa fan it Skrok en ien fan Curacao(???). Klik
hjir om ek mei te dwaan. Kommende sneon is it de lêste dei om je team yn te leverjen. Ferjit it net!

Programma
Klik
hjir om it programma foar fan ‘e wike te besjen. It is ek altiten te finen ûnder “aginda”.

Toto
Op de webside Futsal.nl wurdt der eltse wike in toto dien fan de wedstriden yn de Haadklasse fan it Futsal. De minsken hawwe net folle fertrouen yn in goed rissultaat foar SDS(klik hjir). Sy spylje woansdei om 20.00yn Ljouwert tsjin Blauw-Wit ’34. De Ljouwerters spilen foarich seizoen noch yn de 1e-divysje.

De Skoalleseize
De Skoalleseize en in bulte frijwilligers binne drok dwaande om it nije ferieningsgebou klear te krijen foar de iepening op 20 oktober. Moarn kinne jim der hjir mear oer lêze. 

Best
Mark Postma lit ús fanút Sweden witte dat hy him dêr best fermakket…….

Wy hawwe ús twifels………..

Kaai kwyt?
Ik ben in bezit van een sleuteltje dat iemand waarschijnlijk afgelopen zaterdag is kwijtgeraakt op de sportvelden van de Skoalleseize. Meest opmerkelijke: de sleutelhanger is een klein badslippertje in de kleuren blauw/oranje.
Groetnis,
Fedde Wiersma

Fûgels
It kin in foardiel wêze as je André Vink of Feite de Haan by je hawwe(klik
hjir). As je se tsjin je hawwe dan soe Stoffel Bouma efentueel ek wol fan pas komme kinne………


Miskien letter mear!